Fjirtjin fjoerwurkslachtoffers yn Fryslân, trije fan harren jonger as 16 jier
Fan de fjirtjin fjoerwurkslachtoffers dy't dit jier yn Fryslân mei de jierwiksel op de spoedeaskjende help bedarren, wiene trije tusken de 12 en 15 jier.
Dat docht bliken út ûndersyk fan VeiligheidNL, it kennissintrum op it mêd fan letselprevinsje.
Yn totaal wienen der yn Fryslân dus fjirtjin fjoerwurkslachtoffers dy't nei de spoedeaskjende help moasten. Dat wiene der twa minder as ferline jier. Net alle slachtoffers kamen út Fryslân, sa behannelet it Antoniussikehûs yn Snits ek pasjinten út de Noordoostpolder.
Lanlik bleau tal fjoerwurkslachtoffers ek hast gelyk: fan 365 nei 367. Yn de coronajierren lei it tal slachtoffers folle leger, dat wie te ferklearjen út it feit dat der doe in fjoerwurkferbod wie.
Measte slachtoffers wiene omstanner
Noch folle mear slachtoffers kamen terjochte by de húsdokterspost. Lanlik wienen dat der 795, dat wienen 52 minder as in jierwiksel earder. Fan de slachtoffers by de húsdokterspost binne der gjin regionale sifers, dus it is net bekend hoefolle dêrfan der yn Fryslân wienen.
De measte slachtoffers op spoedeaskjende helpen en by húsdoktersposten hiene brânwûnen (43 prosint). Mear as de helte fan alle brânwûnen wienen oan de holle of fingers (53 prosint).
Goed de helte fan de slachtoffers hie it fjoerwurk net sels ôfstutsen, mar wie omstanner.
Undersyk
By it sammeljen fan de gegevens wurke VeiligheidNL gear mei de Nederlandse Vereniging van Spoedeisende Hulp Artsen, InEen (feriening fan organisaasjes foar earstelynssoarch, lykas húsdoktersposten) en de Nederlandse Vereniging voor Traumachirurgie.