Noch fjoerwurkôffal op strjitte? Romje it gau op: "Het is gewoon rotzooi"
Guon strjitten lizze der noch fol mei: restanten fan fjoerwurk. Mar wat langer oft dit ôffal bûten leit, wat skealiker oft it is foar de natuer.
Dat it ôfstekken fan fjoerwurk net befoarderlik is foar de luchtkwaliteit, is bekend. Om de jierwiksel hinne wurdt der folle mear fynstof metten as op oare dagen.
Mar it guod dat oerbliuwt nei it ôfstekken, kin ûngemurken ek in negative ympakt hawwe op de natuer.
Swiere metalen
"Deze restanten bevatten zware metalen, zoals barium, strontium, antimoon en koper", fertelt Simone Tresoor. Sy is fan Milieu Centraal, in foarljochtingsorganisaasje op it mêd fan miljeu en duorsumens. "Deze stoffen zijn schadelijk voor mens en dier."
Dêrnjonken kin it fjoerwurkôffal gemikaliën en plestik befetsje. It hat negative gefolgen as dat yn de natuer bedarret.
Yn yllegaal fjoerwurk kinne ek noch stoffen as kadmium en perchloraat sitte, fertelt Tresoor. Dat binne stoffen dy't in toksysk effekt hawwe op alle libjende organismen.
'Sa gau as mooglik opromje'
"Het is gewoon rotzooi", seit se op in wisse toan. "Ons advies is dan ook om vuurwerkrestanten zo snel mogelijk op te ruimen."
"Hoe langer het er ligt, hoe groter de kans is dat de schadelijke stoffen in het oppervlaktewater en in de bodem terechtkomen", stelt Tresoor.
Minsken dy't de fjoerwurkrestanten no opromje wolle, moatte der wol om tinke: "Vuurwerk dat nog niet is afgegaan, moet je eerst goed natmaken", seit Tresoor. Dit kin ynlevere wurde by de miljeustrjitte.
Oare fjoerwurkrestanten kinne by it restôffal.