Elske ferlear har each troch yllegaal fjoerwurk: "Kin ik noch wol autoride?"
Fyftjin jier lyn ferlear Elske Korenstra út Starum it rjochtereach troch in flinterbom. Yn de jierren dêrnei warskôge se faak foar de gefaren fan fjoerwurk. Se is bliid dat der no in algemien fjoerwurkferbod komt.
Yn in reiden kuorke hat mem Korenstra alles bewarre dat te meitsjen hat mei it fjoerwurkûngemak. Alle bontsjes, it oanjefterapport en fansels alle krante-artikels dy't skreaun binne oer Elske.
Kranteknipsels
Nea hie de famylje Korenstra sels fjoerwurk kocht, heechút in pear stjerkes, sa stiet der te lêzen yn de Leeuwarder Courant krekt nei it ûngelok. Hoe soer kin it wêze dat harren Elske as omstanner troffen wurdt.
It ferhaal fan it ûngelok fan Elske:
Elske Korenstra ferlear it rjochtereach troch in flinterbom
Elske hie it ferbân noch foar it each doe't se foar it earst ynterviewd waard oer it ûngemak. En ek yn de jierren dernei fertelde se faak har ferhaal yn kranten, op de telefyzje en yn foarljochtingskampanjes.
"Al is der mar ien dy't nei myn ferhaal in fjoerwurkbril opset, dan is it al winst", wie en is har filosofy. Yn de regio ken elkenien har ferhaal. 'Oh, bisto dat famke', krijt se noch wolris te hearren.
Werom nei de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2010. Elske kin har alle details noch goed heuge. De nacht nei âld en nij wie der in grut feest yn De Klink yn Koudum. Hûnderten jongeren út de omkriten kamen derop ôf.
Elske, dy't doe noch yn Aldegea wenne, soe al nei hûs ta. Se stie te wachtsjen op in taksy doe't se warskôge waard foar fjoerwurk. Se die de eagen ticht, de hannen foar de earen. "Ik fielde in hiele hurde druk yn myn each. 'Au, au, myn each is derút', raasde ik noch."
'De klap komt noch wol', seinen minsken, mar dat is gelokkich noait bard.
Omstanners holpen har nei binnen en bellen de ambulânse. Yn it sikehûs wie de dokter dúdlik: grutte kâns dat it each net mear te rêden wie. "Ik ha my fertelle litten dat de eachbol sa grut wie as in tennisbal en der siet oeral focht."
No sels op de ambulânse
Se is yntusken wend oan it libben mei in keunststof each. Se kin alles, ek autoride. "Dat wie it earste wat ik de dokter frege: 'As it each derút moat, kin ik letter dan wol autoride?'"
Se hat noait fertrietlik west of echt lilk. "Eins wie ik altyd wol fleurich en bliid. 'De klap komt noch wol', seinen minsken, mar dat is gelokkich noait bard."
Sifers
By de jierwiksel fan 2024-2025 binne 1162 minsken ferwûne rekke. Dat is fjouwer prosint minder as it jier dêrfoar en tsien prosint minder as yn 2019-2020, it lêste jier dat fjoerpylken en knalfjoerwurk tastien wie.
Fjoerpylken en knalfjoerwurk binne al ferbean, dochs feroarsaket dit fjoerwurk 18 prosint fan de ferwûningen. 17 prosint kaam troch swier, yllegaal fjoerwurk.
Fan de 367 slachtoffers dy't op de SEH behannele wurde moasten, hie 34 prosint brânwûnen, 33 prosint hie eachletsel en 10 presint hie slim hânletsel.
It ûngemak hat har libben net bot beynfloede. Hoewol? Nei it ûngemak besleat se fan stúdzje te feroarjen. Fan in oplieding ta eveneminteorganisator gie se nei ferpleechkunde. Jierrenlang wurke se op de spoedeaskjende help fan it Antonius-sikehûs yn Snits, en sûnt in pear jier wurket se op de ambulânse.
Mei âld en nij op de bank
Oant no ta hat se noch noait te krijen hân mei slimme fjoerwurkûngemakken. "De slimme gefallen geane nei Ljouwert."
Wol is se it leafst oan it wurk de dagen mei âld en nij. As se net hoecht te wurkjen, fiert se de jierwiksel mei har freondinne dy't by har wie dy jûn. "Hja hâldt ek net fan dy knallen en wol ek net de strjitte op. Dan sitte wy hjir tegearre en hawwe wy it ek gesellich."
Har freon organisearret elts jier in grut feest foar de jongerein yn Starum, wêr't se no wennet mei him en harren soantsje fan goed oardel jier. "It is in hiele happening: der is in tinte, muzyk en der wurdt fisk bakt."
Hiel gesellich moat it wêze, mar sels komt se der net.
Foarich jier hat se eefkes in fiskje ophelle en is doe wer hiel fluch nei hûs ta gien. "Myn freon snapt it fansels dat ik hielendal neat mei fjoerwurk haw."
Sikehuzen noch net ferromme
Tijmen de Jong, plastysk sjirurch fan it Frisius MC, ropt noch gjin joechei om it fjoerwurkferbod. "De problemen waar wij als plastisch chirurgen mee te kampen hebben is met name het illegale vuurwerk. Dat is het gevaarlijkst. Je weet gewoon niet wat je in huis haalt."
"We weten nog niet wat voor impact dit verbod op het reguliere vuurwerk heeft op het illegale vuurwerk. Ik denk dat oogartsen wel een verschil zullen zien."
Al ferwachtet De Jong dat it de kommende jierren noch drok wêze sil. "We schalen pas af als we een paar jaar achtereen merken dat er structureel minder problemen zijn."
"Maar vooralsnog staan we klaar om problemen op te vangen. Ik hoop vooral niet dat mensen komende jaarwisseling extra losgaan onder het mom: het kan nu nog."
Dat der nei dizze jierwiksel in algemien fjoerwurkferbod komt, jout ferromming. Mar se giet der net fanút dat it nei 2027 hielendal oer is.
"It sil wol krekt sa gean as mei de swartepitediskusje en it rookferbod yn de hoareka. Dat duorre ek jierren foardat elkenien him der wat oan hâldt. Ik hoopje foaral dat se mei de kommende jierwiksel net ekstra los geane en der mear minsken ferwûne reitsje."