Omrop Fryslân

Hannelers benaud foar takomst mei lanlik fjoerwurkferbod: "Bern hawwe gjin takomst mear yn dit bedriuw"

Fjoerwurkhanneler Teake Brouwer by de jierwiksel fan 2018
© Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Nederlân stiet oan de foarjûn fan in lanlik fjoerwurkferbod. De Twadde Keamer hat in mearderheid fûn en praat tongersdei oer de betingsten fan it ferbod. Ta grutte soargen fan fjoerwurkhannelers.
"It spûket wol troch de holle, hear. De lêste kear komt deroan", seit Teake Brouwer fan Vuurwerkgigant Frjentsjer. Syn saak heart by de grutste fjoerwurkleveransiers fan Nederlân.

Gjin takomst yn it bedriuw

"Wy hawwe gigantyske ynvestearrings dien yn sprinklers en bunkers. As it ferbod komt, kinne wy alles ôfbrekke. Myn bern hawwe no gjin takomst mear yn dit bedriuw", ferklearret Brouwer.
De Twadde Keamer wol fanwegen feiligens en tanimmend geweld tsjin helpferlieners in ferkeapferbod foar fjoerwurk ynfiere. Undernimmers meitsje har soargen.
Sa ek Gerrit Hoekstra fan Mega Vuurwerk Leeuwarden: "We raken weer een mooie Nederlandse traditie kwijt. Drie dagen buffelen met familie en vrienden, die sfeer verdwijnt helemaal."
Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert
© ANP
Neffens boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert is it ferbod lykwols needsaaklik. "Voor handhavers was het niet meer te doen, er vielen simpelweg te veel slachtoffers. Wat ooit bijzonder was, is verworden tot een serieus veiligheidsprobleem."
It tal gemeenten yn Nederlân dat lokaal in fjoerwurkferbod ynfiert, stagnearret. Fryske gemeenten fierden oant no ta nea sa'n ferbod is. Hanthavening is dreech en klachten nimme ta.
Als je vijf minuten later komt, zijn de lui met hun vuurwerk natuurlijk al lang weer gevlogen. Dit landelijk verbod maakt de handhaving eenvoudiger.
Sybrand Buma, boargemaster fan de gemeente Ljouwert
"Je moet er dan toevallig met je neus bovenop staan om te kunnen handhaven", sei Buma earder. "Als je vijf minuten later komt, zijn de lui met hun vuurwerk natuurlijk al lang weer gevlogen. Dit landelijk verbod maakt de handhaving eenvoudiger: het mag niet, punt."

Mear yllegaal fjoerwurk

Hoekstra en Brouwer binne benaud dat yllegaal fjoerwurk just tanimt. "Een cobra is nog nooit legaal verkocht", zegt Hoekstra. "Als consumentenvuurwerk verdwijnt, staan straks hele volksstammen in België en Duitsland in de rij."
Brouwer follet oan: "It yllegale spul komt no al massaal binnen. Dêr moatte se keihurd tsjin optrede, mar dêr binne se elk jier fierstente let mei."
Fjoerwurkhannelers benaud foar ein fan in tiidrek: "Dit wurdt in topjier, mar dêrnei is it dien"
De ûndernimmers sjogge de takomst somber yn. "Ik heb 250.000 euro meer betaald voor mijn pand vanwege de vuurwerkvergunning". seit Hoekstra.
"Met een compensatie van 150 miljoen euro komen we er nooit", seit hy mei klam, ferwizend nei de mooglike kompensaasje fan it regear foar fjoerwurkferkeapers. De brânsj rekkene koartlyn foar dat minimaal 895 miljoen euro nedich is om skea te fergoedzjen.
Boargemaster Buma ferwachtet net dat it ferbod dit jier al fan krêft wurdt, mar neffens him is de needsaak foar lanlike maatregels heech. "Uiteindelijk verdwijnt het particulier afsteken van vuurwerk uit het straatbeeld. En ja, dat is jammer. Maar er is simpelweg te veel gevaar."

De lêste kâns op winst: "It wurdt in topjier"

Teake Brouwer tinkt noch ien kear profitearje te kinnen fan de situaasje. "It wurdt dit jier wol in topjier, minsken keapje no dûbeld út foarútsicht op it ferbod. Mar dêrnei is it dien."
Gerrit Hoekstra slút ôf mei in weemoedige blik op de takomst: "Dit is niet alleen economisch, maar vooral emotioneel een groot verlies. Oud en nieuw zal nooit meer hetzelfde zijn."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.