Binnenstêd en Flietsône yn Ljouwert bliuwe jier langer feilichheidsrisikogebiet
De binnenstêd en de Flietsône yn Ljouwert bliuwe in jier langer oanmurken as 'feilichheidsrisikogebiet'. Dat hat boargemaster Sybrand Buma bepaald nei advys fan de plysje.
In part fan de gebieten is al in oantal jier feilichheidsrisikogebiet. Yn maart 2024 waard it eastlik part fan de Flietsône dêroan taheakke. De gebieten krije dat stimpel om't dêr in soad geweldsdelikten binne en in soad wapenbesit is.
'Koade-read'-sône
By eardere fûillearaksjes waarden wapens en drugs fûn. De jierlikse Veiligheidsprestatieindex fan gemeente Ljouwert wiist it gebiet oan as in 'koade read'-sône.
Yn de Flietsône wenje benammen studinten, kwetsbere famyljes, probleemjongeren, drugsferslaven en kliïnten fan soarchynstellingen. De gemeente hat in plan om de leefberens dêr te ferbetterjen, mar it die bliken dat dêr net in soad fertrouwen yn is.
Dat de twa gebieten no ûnder skerp tafersjoch steane, betsjut dat opnij previntyf fûillearre wurde mei en dat dêr ekstra tafersjoch is, ûnder oare mei kamera's.
It doel fan it beslút is dat de feiligens yn it gebiet ferbetteret en kriminaliteit weromrint. De maatregel wurdt elts jier opnij evaluearre, mar kin earder ynlutsen wurde as de feiligens ferbetteret.
It beslút giet op 10 maart 2025 yn wurking en jildt oant 10 maart 2026.
Ynwenners meie beswier oantekenje tsjin it beslút. Dêr hawwe sy seis wiken de tiid foar.