Omrop Fryslân

Plysje nimt boksbûgel, messen en drugs yn by fûillearaksje Ljouwert

Plysje fûillearret previntyf
© Politie Basisteam Leeuwarden op X
De plysje hat ôfrûne tongersdei by in previntive fûillearaksje yn it sintrum fan Ljouwert en de omjouwing fan it Vliet alve messen, ien boksbûgel en twa stanleymessen yn beslach naam.
De minsken fan wa't de wapens ynnaam binne hawwe in proses ferbaal krigen.
Ek is der in fertochte oanholden foar it dealen fan harddrugs, dy persoan hie 34 boltsjes fan nei alle gedachten kokaïne by en in jildbedrach fan 500 euro.
By in oare fertochte waarden tsien ferpakkingen mei ek wierskynlik kokaïne oantroffen. Beiden binne oanholden en heard.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.