Omrop Fryslân

Striid tsjin jongeren mei messen yn de bûse: "Dat is het Nederland van tegenwoordig"

In jongere mei in mes
© Shutterstock (Ganka Trendafilova)
It tal jongeren dat mei in mes yn 'e bûse rint, is de lêste jierren flink tanaam. Plysje en oare oerheidstsjinsten meitsje har hieltyd mear soargen. Hoe hâlde wy de strjitten feilich?
"Er zijn groepen waar je met een boog omheen loopt", fertelt in 16-jierrige jongen op strjitte yn Drachten. De jongerein dêr wit wêr't se om tinke moatte. Sa ek in jonge fan 17. "Je sjogge somtiden dat guon op spul út binne", seit er.
"Sjochst it oan hoe't minsken har gedrage", seit in oare jongen. "Dan binne se stoer oan it dwaan."

Dramatyske dei yn 2019

Fiif jier lyn die him yn Drachten in slim geweldsynsidint foar. By in rûzje yn it útgeanslibben waard de 15-jierrige Roan Brilstra delstutsen troch in leeftydsgenoat.
Hy ferstoar in wike letter yn it UMCG yn Grins, ien dei nei syn sechtjinde jierdei. In betinkstien yn it sintrum fan Drachten herinneret oan dy dramatyske dei.

Fan 33 nei 355 oanhâldingen

Eksakte sifers fan it oantal stekpartijen ûnder jongerein binne der net, seit de plysje. Neffens harren is it oantal wol flink tanaam.
Der binne wol lanlike sifers oer it oantal oanhâldingen fan minderjierrigen mei in mes. Yn 2019 wiene dat der 33 en trije jier letter 355.
Messeferbod
In rûnfraach ûnder jonge froulju yn Drachten lit ek sjen dat de sfear grimmitich wurden is. "Als er groepjes zijn, van bepaalde jongens, krijg je wel eens seksistische opmerkingen. Dat voelt heel onveilig. Je weet niet wat ze doen als ze heel erg dronken zijn", seit ien fan harren.
Sy sjocht al dat it foar guon hiel gebrûklik is in mes mei te nimmen as se op stap gean. Leeftydsgenoaten fan befêstigje dat ek. "Dat is het Nederland van tegenwoordig", seit se.
Gjin fan de jongeren fielt him lykwols twongen om op freed- en sneontejûn thús te bliuwen. Allegear sizze se dat it feilich is om út te gean, mar datst op strjitte de eagen iepen hâlde moatst.

Roan Brilstra

De gewelddiedige dea fan Roan Brilstra liede lanlik ta diskusje. De dieder stuts Roan del mei in keukenmes. Undersyk toande oan dat in soad jeugd in mes yn 'e bûse hat. De gemeente Smellingerlân kaam dêrnei tydlik mei strangere regels yn it útgeansgebiet.
Boargemaster Rijpstra fan Smellingerlân pleite lanlik foar in ferkeapferbod foar messen oan jongerein. Dat kaam der net.
De jonge dy't Roan delstuts krige 265 dagen selstraf en jeugd-tbs ûnder betingst. De dieder moast him ferplichte behannelje litte yn in GGZ-ynstelling.
Op ferskate wizen is de lêste jierren besocht de feilichheid op strjitte yn Drachten te ferbetterjen. Sa waard nei de stekpartij yn Drachten in messeferbod ynsteld yn in part fan it sintrum. Dêr mocht previntyf fûillearre wurde.
Dy oanpak hat in jier duorre. It is feiliger wurden en dêrom is it no net mear needsaaklik, seit de gemeente.

Ferbod op dragen stekwapens

Yn de wet stiet al dat it hawwen en dragen fan guon stekwapens ferbean is. It giet dan om stiletto's, flintermessen, kapmessen en messen langer as 28 sintimeter.
Fierder kinne gemeenten yn de regels opnimme dat it dragen fan in keukenmes of in oar stekwapen of foarwerp dêr't mei stutsen wurde kin yn guon buerten ferbean is.

Wat dogge oare stappersplakken?

Ljouwert: Hjir jildt yn de binnenstêd en de Vlietsône in feilichheidsrisikogebiet. De plysje mei dêr previntyf fûillearje.
Snits: Yn de APV (Algemene Plaatselijke Verordening) stiet dat messen ferbean binne. Om't der gjin driging is, wurdt der net previntyf fûillearre.
It Hearrenfean: Der wurde gjin previntive kontrôles organisearre. De gemeente helpt mei by de kontrôle fan klûskes op skoallen.
Neist in ferbod op wapens wurdt ynset op it ynformearjen fan jongerein. De fraach dêr't benammen mei wraksele wurdt, is: hoe berikke je de jongerein en hoe kinne je tusken de earen krije dat it dragen fan stekwapens grutte risiko's meibringt?

It goede nijs

Yn opdracht fan de oerheid hat it yn Arnhem fêstige buro Beke, dat him dwaande hâldt mei feilichheid en kriminaliteit, ûndersyk dien nei wapenbesit ûnder jongeren. Der is sjoen nei wêrom't jongeren wapens by har ha en hoe't je dy doelgroep berikke kinne.
As earste it goede nijs: de measte jongerein ha hielendal gjin stekwapen. "Deze groep is goed te bereiken", seit ûndersiker Henk Ferwerda fan Bureau Beke.
"Met een pittig lesprogramma kun je ze uitleggen dat het gebruik of dragen van een wapen grote consequenties kan hebben."
Henk Ferwerda fan Bureau Beke
© Omrop Fryslân
It probleem sit benammen by de lytse minderheid dy't wol in wapen yn'e bûse hat, seit Ferwerda. "Daar werkt voorlichting geven niet, die groep zal je op een andere manier moeten zien te bereiken."

Rappe oplossings binne der net

De oanpak fan dy groep moat dan ek folslein oars. "De achterliggende problematiek is te groot. Sommigen groeien bijvoorbeeld op in armoede of in een gezin met weinig ouderlijk toezicht. Daarvoor zijn intensieve programma's nodig en moet ingezet worden op begeleiding van de jongeren."
"Je moet oog hebben voor jongeren die op allerlei terreinen achterstanden hebben. Die zijn heel kwetsbaar door de context waarin ze opgroeien."
Wat foar Ferwerda helder is: de hurde oanpak wurket net. Sterker noch, dy wurket earder averjuchts. Yngripe yn de thússituaasje en spesjale programma's op skoallen helpe wol.
Poster yn praktykskoalle De Brêge yn Ljouwert
© Omrop Fryslân
Dat besef is der ek op OSG Piter Jelles De Brêge yn Ljouwert. Op dy skoalle foar praktykûnderwiis sitte no 226 bern.
Direkteur Kathy Arends seit dat feilichheid foar har in spearpunt is. "Veiligheid is de basis van goed leren. Daarom staat het hoog op de agenda."
It ûnderwerp stiet lykwols net heech op de aginda fan oare skoallen. Nei in belrûntsje docht bliken dat oare skoallen noch wat leare kinne fan De Brêge. Al wurdt op guon skoallen sa no en dan in klûskekontrôle hâlden.
Dat dogge se op De Brêge ek. "We controleren alle kluizen en tassen. Ouders weten dat ook", seit Kathy Arends. "We voeren een zerotolerance beleid. Niets wat als wapen kan dienen, mag mee naar school."
Kathy Arends, direkteur fan De Brêge
© Omrop Fryslân
Nei de fakânsje ha se in grutte kontrôle hâlden. De plysje is dêr dan ek by, lykas studinten fan de oplieding befeiliging fan Firda. Sy jouwe ek foarljochting yn de klassen. Alden krije dan fan de skoalle in e-mail mei útlis oer wat der bard is.

In mes fûn

Njonken de grutte kontrôle kinne ek op willekeurige mominten - as der sinjalen binne - tassen of klûskes kontrolearre wurde. Koartlyn is dêrby in mes oantroffen.
Arends: "Dan doen wij een interventie. Dan gaan we het gesprek aan met de betrokken leerlingen, maar ook met de ouders. Er wordt dan een passende maatregel genomen."
Dat betsjut net dat de bern fan skoalle stjoerd wurde. Arends: "Je moet grenzen stellen. Wij accepteren hier geen agressie."

Yn it lesprogramma

Dy oanpak helpt, sjogge se by De Brêge. "Ouders zijn heel tevreden en de medewerkers ook." Mar, wit ek Arends, it is in proses dêr't je hieltyd omtinken foar hâlde moatte.
Dêrom wurdt it bygelyks ek meinaam yn it programma by de lessen boargerskip en wurdt der ek yn de gewoane lessen omtinken oan jûn.
De jeugd op strjitte wol mar ien ding: feilich op stap. Allegear sizze se dat it binnen feilich is. Mar ek dat it wapenprobleem noch lang net oplost is.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.