Omrop Fryslân

It stekynsidint dat Drachten skokte; yn de earms fan syn heit sakke Roan (16) fuort

Angelique en Simon Brilstra mei de foto fan Roan
© Omrop Fryslân
"Het was 21.21, ik weet het nog precies." Simon Brilstra hoecht net djip te graven om te betinken hoe let oft it telefoantsje kaam dat it libben fan him, syn frou Angelique en soan Sven foar altyd feroarje soe.
Desimber is de donkerste moanne fan it jier. Foar de famylje Brilstra is dat hielendal it gefal. "Ik ben blij als het straks februari is", seit Angelique. Dit binne de wiken wêryn't se it dreech ha.
Fiif jier lyn, op sneintejûn 22 desimber 2019, waard harren soan Roan delstutsen yn it sintrum fan Drachten. In wike letter ferstoar er yn it UMCG yn Grins.
Elts jier opnij hâldt it oantinken oan Roan syn wrede lot de famylje Brilstra yn in wurchgreep. "Het liefst sluiten we onszelf op", seit mem Angelique. Mar dat kin net, want der is noch in oare soan, Sven.
We zijn diezelfde avond nog naar de plek geweest.
Angelique Brilstra, mem fan Roan
Oan de keukentafel yn Drachtsterkompenije prate se frijút. Somtiden emosjoneel, mar benammen mei in soad leafde yn de stim as se it ha oer Roan of Sven.
Hiel faak wurdt har de fraach steld: "Hoe gaat het met jou, met jullie?"
"Het antwoord dat we meestal geven, is dat we zeggen: goed." Mar dat giet it net. "Er is iets van ons weggehaald", seit Angelique. "Wij moeten ons leven in goede banen laten lopen zodat het voor Sven goed gaat. Dat doen we nu al vijf jaar en dat gaat goed."

Gjin geheimen

Sven is it jongere broerke fan Roan. Hy wie 12 doe't it barde. "We hebben geen geheimen voor hem", seit Angelique. "Hij had vragen, zoals waar Roan mee vermoord is. We zijn ook diezelfde avond nog naar de plek geweest."
Mar ek foar him jildt: der mist ien. "Soms, als ik Sven wegbreng naar voetbaltraining, en hij ziet een felle ster, dan zegt hij: 'Kijk, Ro gaat mee. Die is er altijd.'"
Heit Simon: "Dat is één van de dingen die mij het meest pijn doet. De pijn die Sven is aangedaan. Hij heeft geen broer meer, hij is alleen. Dat zegt hij zelf ook letterlijk en dat doet echt pijn als ouder."
Er zijn dagen bij dat je je gewoon kut voelt. Sorry voor mijn woorden, maar zo is het gewoon.
Simon Brilstra
Neist de pine is er foaral de leechte. Simon: "Je bent niet compleet meer. Er mist iets. Je kunt niet meer samen eten, sporten of praten. Dat ben je kwijt en daar word je constant mee geconfronteerd. Dat is de leegte, de pijn die je meedraagt."
It is der altyd, seit Angelique: "Je gaat ermee naar bed, wordt er 's nachts van wakker en staat er weer mee op. Het zit altijd in je."
It is dreech te omskriuwen, seit Simon. "Het klinkt cynisch, maar je weet pas wat het is als het je overkomt. Er zijn dagen dat je je gewoon kut voelt. Sorry voor mijn woorden, maar zo is het gewoon."
In altaar foar Roan
© Omrop Fryslân
Kear op kear wurdt yn harren holle de film fan dy bewuste jûn ôfspile. Se sette Roan ôf by in freon. Hy stapt út de auto mei de wurden 'Doei pap, doei mam, doei Sven. Ik hou van jullie'. It sille syn lêste wurden wêze.
De telefoan fan Angelique giet. It is in priveenûmer. Der wurdt frege oft sy de mem fan Roan is. Ja, seit se. "Ik zag aan de mimiek van Angelique dat het niet deugde", seit Simon.
Se twivelje net en fleane nei it sintrum ta. Dêr oankaam sjogge se dat helpferlieners drok dwaande binne en dat der al skermen opset binne. "Alles gaat heel snel, je wordt dan al geleefd."

Der is in kâns

Sa gau as it kin wurdt Roan yn de ambulânse lein en mei syn mem njonken him wurdt hy yn in rotgong nei it UMCG yn Grins ta brocht. Underweis krijt er in hertstilstân, mar troch rap yn te gripen en te reanimearjen krije de ferplegers him wer stabyl.
Dan is it wachtsjen. De oeren yn de wachtkeamer binne senuwslopend. De sjirurch kin allinnich sizze dat de operaasje slagge is, mar dat it spannend bliuwt.
Simon: "Er valt dan wel een druk van je af. Er is een kans." Mar, sa witte se beiden: it gelok moat oan harren side stean. It is libjen tusken hoop en frees.
Roan Brilstra
© Angelique en Simon Brilstra
Op snein, in wike letter, wurde se belle. Oft se al yn it sikehûs binne. As dat net sa is, dan moatte se fuort yn de auto. Flak foar Grins in nij telefoantsje: binne jim der al? "We keken elkaar aan: dit is niet goed."
Dat antwurd komt ek al gau fan de sjirurch. Dy moat gûle as hy seit dat se alles besocht ha. De sjirurch lit it ek sjen mei in pineprikkel en de pupilreaksje. Op beide wurdt net reagearre.

Foar it blok

"Dan word je voor het blok gezet, want het lichaam kan het niet meer zelf", seit Simon. "Ze kunnen dan doorgaan met het toedienen van voeding en zuurstof, maar wil je dat? Is dat het waard?" Se beslute de behanneling stop te setten.
"Roan heeft gewacht tot na z'n verjaardag. Hij was één dag 16." Yn de earms fan syn heit sakket hy fuort. "Dan is hij weg. Alles zakt onder je poten vandaan, alles."
Roan Brilstra
© Angelique en Simon Brilstra
Sieten se yn it ferline op de bank en seagen se nijs dat ien syn bern ferlern wie troch geweld, dan tochten se: wat slim. Mar no binne se it sels. No stiet de foto fan Roan yn de aula fan de skoalle.
Se krije in soad help. Fan Slachtofferhulp Nederland, mar ek fan famylje en freonen. De oandacht foar Roan is der ek noch hieltyd. Angelique: "We hebben ons werk in Drachten, dus die steun is er wel. Het is ook nog altijd pril."

Soe no 20 west ha

Roan soe no 20 wêze. "Ro zou nu in de bosjes liggen met andere militairen", tinkt Angelique. Se wie al mei him by de veva-oplieding (in militêre mbû-oplieding, red.) west. Hy soe syn heit achternei, dy't ek tsjinne hat.
Se sjogge syn freonen grut wurden. Dy krije freondinnen, wenje op harsels en helje in rydbewiis. Simon: "Dat vind ik weleens lastig. Ik had graag gezien hoe hij nu was geweest. Hoe hij zich ontwikkeld had. Die vragen zijn er altijd."
Mei de freonen ha se noch in soad kontakt. Oan de ein fan it jier komme se altyd del. Angelique: "Met z'n verjaardag eten we een taartje. Dat is moeilijk, maar we doen het wel." Mei âld en nij stekke de jonges fjoerwurk ôf foar Roan.
"Er is eentje die als hij op vakantie gaat, altijd een foto stuurt. Kijk, schrijft hij dan, ik heb Roan weer mee in m'n rugzak."
De tinkstien foar Roan yn it sintrum fan Drachten
© Omrop Fryslân
No fiif jier letter kinne se deroer prate. Neist de tafel yn de hoeke fan de keamer is in hoeke ynrjochte om him te betinken. Dêr stiet syn urn, mar leit ek syn bril. Oan de muorre hinget in skilderij op basis fan in moaie foto fan Roan. It libben giet troch, mar sil nea wer itselde wêze.
Simon besiket dat wat hy leard hat werom te jaan. By it bedriuw Mindset 22 jout er sa no en dan in training. Dy is derop rjochte om persoanlike mooglikheden te benutten en groepen better gearwurkje te litten.

Skoallen wolle net

Ek giet er by skoallen lâns om te fertellen wat harren oerkaam is. Wat der barre kin yn in maatskippij, hoe't groepsdruk wurket en wat der bart yn in hûshâlding as it misgiet. Dat hat er yntusken twa kear dien foar in 300 minsken, learlingen en âlders. De lêzingen meitsje yndruk, krijt er faak te hearren.
Skoallen stean allinnich net yn de rige, sa seit Simon. Hy fernimt dat skoallen net graach erkenne dat dizze problematyk spilet ûnder har learlingen. Dit ta grutte spyt fan Simon.
"Ik neem de leerlingen en ouders mee naar de realiteit. Vraag ze naar de band die ze hebben en dan te bedenken wat het betekent als ze die kwijt zijn."

In joviale, noflike fint

Op strjitte by kafee Pietje Bell leit in tinkstien foar Roan. Der brânt 24/7 in reade kears. Geregeld komme Simon, Angelique en Sven dêrnei ta om der eefkes by stil te stean of om de stien te poetsen.
"Ik hoop dat mensen zich herinneren hoe hij was", seit Simon. "Een joviale, prettige knul. Zo zou iedereen er wel één willen hebben."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.