Omrop Fryslân

Oanhâldingen foar fjoerwapenbesit en drugsdealen by fûillearaksje yn Ljouwert

De minsken waarden willekeurich fûillearre
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
By in previntive fûillearaksje yn Ljouwert binne twa persoanen oanhâlden fanwegen fjoerwapenbesit. Se hienen in trochladen automatysk wapen by har.
Dêrneist binne twa minsken oanholden foar it dealen fan drugs.
By de aksje binne njoggen messen oantroffen en 46 minsken steande hâlden dy't te folle softdrugs by har hiene. Twa minsken rûnen tsjin de lampe om't sy gjin jildich rydbewiis hiene en twa persoanen sieten sûnder helm op in scooter.
Ien persoan waard betrape doe't dy sûnder jildich ferfiersbewiis troch de treinpoartsjes gie. Al dizze persoanen krigen in proses-ferbaal.
Der is ek ien oanhâlden fanwegen mislediging.
De Weaze waard ôfset foar de fûillearaksje
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Ut ferskate strjitten en stegen yn de binnenstêd skeaten se tongersdeitemiddei en -jûn tefoarskyn. Sa'n fyftich aginten, boa's en feilichheidsminksen fan de NS holden in previntive fûillearaksje yn de feilichheidsrisikogebieten De Weaze, De Vlietzone en it sintraal stasjon.
Dat binne gebieten dêr't in soad wapenynsidinten binne.

Willekeurich

It wie de fiifde en lêste fûillearaksje fan dit jier. Dêrby waard bygelyks De Weaze sûnder oankundiging ôfsletten. "Iedereen die zich daar dan begeeft, wordt onderworpen aan een fouillering. Dat doen wij zonder aanziens des persoons", seit Jojanneke ten Elshof fan de plysje.
Dêrmei bedoelt Ten Elshof dat de fûillearring willekeurich is en dat der gjin fertinking is tsjin dy persoan.
Yn totaal binne 204 minsken en 38 weinen, 48 scooters en 58 fytsers kontrolearre
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Yn totaal binne 204 minsken en 38 weinen, 48 scooters en 58 fytsers kontrolearre. De aksje is neffens plysje, justysje en gemeente hurd nedich fanwege it grut tal ynsidinten mei wapens dit jier.
Dêr hawwe der dit jier oant 1 novimber 45 fan west, wêrby't der 75 wapens yn beslach naam binne. "Dan hebben we het over steekwapens, vuurwapens, maar ook vuurwerk", seit Ten Elshof. "Die wapens willen we van straat af hebben en deze actie draagt daaraan bij."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.