Omrop Fryslân

Primeur foar Thialf mei blinetribune: "Ik wist net dat reedriders in bril op hawwe"

Liesette Bruinsma (rjochts) by de pilot fan de blinetribune yn Thialf
© Omrop Fryslân, Marrit Ruiter
Der giet in wrâld iepen yn Thialf foar minsken mei in fisuele beheining. Besikers fan sportwedstriden krije dêr in koptelefoan op en hearre ekstra omskriuwend kommentaar.
Paraswimster Liesette Bruinsma is ien fan de inisjatyfnimmers dy't in blinetribune realisearre hat yn it iisstadion.
"Der wurdt al in soad neitocht oer tagonklikens fan bygelyks gebouwen foar rolstoelbrûkers, mar foar minsken mei in fisuele beheining mist der noch in soad", fertelt de swimster út Wommels.
De mearfâldich paralympysk kampioene komtnjonken har topsportkarriêre op foar minsken dy't, lykas har, fisueel beheind binne.
Mei reedridersbûn KNSBhat se de blinetribune realisearre. De taskôgers hearre troch in koptelefoan dus live-kommentaar neist de sfear yn Thialf.
Ast it net folgje kinst, wêrom soest dan gean?
Liesette Bruinsma, inisjatyfnimmer blinetribune
Je hearre bygelyks hoe't it middenterrein derút sjocht, of wat der om de baan hinne bart.
Mar dêrneist learst der neffens Bruinsma ek wat fan.
"Ik hold krekt in iisblokje fêst en dy wie folle lytser as ik tocht. Ek haw ik leard dat riders in bril op hawwe, dat haw ik noait witten", laket se.
Liesette Bruinsma wûn goud op de Paralympyske Spelen yn Parys ferline jier
© ANP
Mei in oantal freonen, dy't ek in fisuele handicap hawwe, mocht se de tribune yn Thialf teste.
"Se hawwe allegear noch noait by in reedrydwedstriid west, wat ik wol snap. Ast it net folgje kinst, wêrom soest dan gean? Mar no kin dat gelokkich wol."

Live kommentaar

It kommentaar waard streekrjocht fersoarge troch Robin Wubben en âld-reedrydster Carien Kleibeuker. Dy lêste wûn op de Olympyske Spelen fan 2014 in brûnzen medalje op de 5.000 meter en hold yn 2020 op mei reedriden.
De twa sieten in pear meter fan de blinetribune ôf en fertelden wat se allegearre seagen.
"Je vertelt bijvoorbeeld dat iemand na een race zijn cap afdoet en dat het haar eronder uit vliegt", seit Kleibeuker. "Dat iemand boos kijkt na een race of welke kleur schaatsen iemand aan heeft."
Robin Wubben en Carien Kleibeuker as kommentatoaren foar de blinetribune
© Omrop Fryslân, Marrit Ruiter
Doe't de Kleibeuker (46) frege waard oft se kommentaar jaan woe foar de blinetribune, twivele se gjin momint.
"Ik vind schaatsen nog steeds heel erg leuk, en het is fantastisch om dat ultieme gevoel te ervaren in een vol stadion."

Gjin momint twivel

"Het is heel gaaf om dat schaatsgevoel op deze manier te kunnen delen met mensen die het niet kunnen zien."
Hielendal fanselssprekkend wie it noch net. "Het was een beetje zoeken naar hoe je het beste commentaar kunt geven voor mensen die weinig tot geen zicht hebben."
"Je gaat nadenken over alles wat voor ons normaal is en dat moet je zo goed mogelijk omschrijven. Alle kleine dingetjes moeten uitgelegd worden."

Gebrûklik yn it fuotbal

De blinetribune is dus net in nij konsept: yn Fryslân is it al realisearre yn de stadions fan sc Hearrenfean en SC Cambuur. Mar it is ek al beskikber by ûnder oare it rugby en swimmen.
"Het concept achter dit systeem is dat het live is, zodat mensen met een visuele beperking de emotie ervaren op hetzelfde moment als ieder ander", fertelt Alwin Lindeboom.
Hy is ien fan de oprjochters fan Gazeti, in platfoarm dat live audioerslaggen regelet foar sporteveneminten.
Carien Kleibeuker as reedrydster, yn 2019
© Orange Pictures
"Er zit een halve seconde vertraging in het systeem. De verslaggever heeft ook reactietijd nodig, en dat zorgt er uiteindelijk voor dat al die informatie niet storend is voor je hersenen."
It doel is úteinlik om in app mei it audiokommentaar oeral yn it stadion beskikber te meitsjen. Sa kinne minsken mei in fisuele beheining gewoan by freonen en famylje sitte en hoege se net nei in aparte tribune ta.

Foarbyld foar oare sporten

Bruinsma is al tige entûsjast. "Ik fyn it geweldich dat minsken mei in fisuele beheining de mooglikheid krije om ynspirearre te wurden en de ferbining te fielen dy't sport bringe kin."
Se wol har ynsette om it audiokommentaar oeral gongber te meitsjen.
"Ik hoopje eins dat oare sporten ús foarbyld folgje sille. Yn 2025 moatte we sport tagonklik meitsje foar elkenien."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.