Tsjin Patrick moatst net sizze dat er eat net kin: “Eerst proberen, dan zien we wel”
Yn in spiksplinternije, glimmende elektryske bestelbus rydt Patrick Bosgraaf (41) in Snitser bedriuweterrein op. De koerier hellet in lading pakketsjes op dy't hy wer nei in postsortearsintrum bringt.
It liket hiel gewoan, mar it is net fanselssprekkend foar Patrick, want hy is spastysk en rint dreech omdat syn skonken ûngelikens binne.
Patrick wurdt twa moanne te betiid berne en rint dêrby soerstofgebrek op. De prognoazes binne net geunstich: Patrick sil nei alle gedachten net rinne kinne. Ek lêze en leare sil in hiele put wurde.
Fan syn 3e oant syn 18e giet Patrick nei skoalle Lyndensteyn yn Beetstersweach. Troch yntinsive fysioterapy en foaral ek syn trochsettingsfermogen slagget it Patrick dochs om rinnen te learen.
Trochsette
Ek yn it ferfolch fan syn libben tekenet it trochsetten de Snitser.
"Dat heb ik vanuit de familie, van m'n moeder meegekregen. Lukt het niet? We gaan het eerst proberen en dan zien we wel."
Op skoalle sketse se in takomstbyld op in aktiviteitesintrum, mar dêr tinkt Patrick oars oer. "Dat was niet het beeld waar ik naar toe wilde."
De jonge Snitser giet sels op ûndersyk út en fynt in útstjoerburo dat him oan ferskillende baantsjes helpt. Yn leantsjinst wurkje, giet lykwols net altyd goed. Swier tille is bygelyks in probleem. "Ik wilde iets waarin ik op mijn eigen tempo mijn eigen dingen kon doen."
Thús hawwe se in transportbedriuw en sa komt syn broer op it idee dat Patrick wol in koerierstsjinst begjinne kin.
Na de derde keuring zeiden ze: jij zult nooit je rijbewijs kunnen halen, dat gaat je niet lukken.
Dêrfoar is lykwols wol in rydbewiis nedich. In nij obstakel. Patrick begjint oan autorydlessen, mar moat ek goedkard wurde.
"Na de derde keuring zeiden ze: jij zult nooit je rijbewijs kunnen halen, dat gaat je niet lukken."
Brommobyl
Patrick stelt syn plan by en set syn sinnen op in brommobyl mei in bakje achterop. Hy hellet nei in jier syn brommersertifikaat en it koerierswurk kin begjinne.
Syn koeriersbedriuwke hellet foaral post op by bedriuwen en bringt dat nei de sortearsintra.
Troch it riden mei de brommobyl docht Patrick in soad ûnderfining yn it ferkear op. It heljen fan in autorydbewiis bliuwt lykwols kribeljen.
Rydbewiis
Patrick fynt in âldere rydynstrukteur yn Ljouwert dy't ûnderfining hat mei it lesjaan oan minsken mei in beheining. Dy sjocht it wol sitten mei him.
En it slagget: nei in jier lesriden hellet Patrick syn autorydbewiis en de earste bestelbus kin kocht wurde.
Yntusken wurket de Snitser al wer 20 jier as koerier ûnder syn eigen namme by it famyljebedriuw fan syn heit en broer. En de saken geane goed.
Stadichoan ferskoot it wurk wol hieltyd mear: de papieren post wurdt minder, it heljen en bringen fan pakketsjes nimt ta.
Altyd besykje
Net alles slagget altyd, dat jout Patrick grif ta. Mar hy besiket it earst wol.
"Ik onderzoek veel dingen. Op een tweewieler fietsen wilde ik ook graag, maar dat zal nooit lukken. Ik heb het twee keer geprobeerd bij de fysiotherapeut, maar dat is een heilloze weg en dan is 't ook klaar."
Ik hoop van harte dat ik een voorbeeld voor mensen ben. Ik wil dat ook uitdragen, omdat het mij wel gelukt is.
Patrick is hiel tevreden oer syn libben. Syn koeriersbedriuw bestiet no al 20 jier en hy is wiis mei wat hy berikt hat.
"Ik ben wel vrijgezel, maar dat kan je niet regisseren, het eigen bedrijf wel. Dat zou wel mooi wezen, als het eens klikt", laket hy.
Syn ynset, karakter en kriich hawwe Patrick brocht wêr't er no is.
"Ik hoop van harte dat ik een voorbeeld voor mensen ben. Ik wil dat ook uitdragen, omdat het mij wel gelukt is. Je kan op de bank gaan zitten, maar ik denk dat je beter onder de mensen kunt zijn, een praatje maken. Dat dat voor je leven ook veel gezonder is."
Sjoch hjir de reportaazje dy't HEA! makke oer koerier Patrick Bosgraaf:
HEA! Koerier Patrick