Femke Kok giet de skiednisboeken yn mei rekôr: "Ik woe fuortendaliks mear"
Femke Kok is de earste Nederlânske frou ea dy't in 500 meter yn minder as 37 sekonden rydt. Dêrmei komt sy oan it ferneamde rekôrboerd yn Thialf te hingjen.
"Dit is echt in dream dy't útkomt", seit de Nij Beetster oan de ein fan har race by it NK ôfstannen. Mei twa plakkaten yn de hannen, lit sy har rekôrs sjen.
De 24-jierrige Kok is Nederlânsk kampioen wurden en hat ek in ticket foar it WK yn Hamar (13-16 maart) binnen.
Femke Kok is út 'e skroeven mei har titel
Yn de earste omloop fan de 500 meter rydt Kok al in baanrekôr mei (37,00). Doe wie al hast dúdlik dat de Nederlânske titel foar har wêze soe. "Dat is in goed gefoel, mar ik woe fuortendaliks mear."
Kok woe trochgean foar in tiid fan 36 sekonden. Dat slagge in frou noch nea earder, se woe histoarje skriuwe.
"Ik fielde dat ik mear út myn rit helje koe. It wie net sûnder wryt of slyt en dus wie ik ekstra motivearre foar de twadde rit. Wat der ek bart, der moat in 36'er op it boerd."
Skiednisboeken
Dat slagge en dus giet Kok de skiednisboeken yn. Sy ried har eigen rekôr al gau út de boeken.
"Dat is echt hiel bysûnder, want alle grutheden hawwe hjir riden. As je dêr dan op it boerd steane, is dat hiel bysûnder."
It seizoen fan Kok giet alle kanten út. Oan it begjin rûn Kok in firus op en koe sy net mear traine.
"Ik hie twa moannen lyn net iens tocht dat ik hjir stean soe. Ik tocht: miskien is it seizoen wol foarby foar my. Ik hie net in hiel soad fertrouwen en in grutte efterstân. Mar ik bin bliid dat it no dochs slagge is."
Kok hat ek in soad positiviteit út har besmetting helle. "Ik wit no ek dat je ekstra genietsje moatte fan mominten as dit. No hielendal, as ik sjen lit dat ik it wol kin."
Snein stiet der noch in 1.000 meter op de planning foar Kok. Troch it firus hat sy dy net earder riden. Se is dan ek benijd hoe't it komt.
"Ik sit mei de faasje goed, dus ik hoopje dat it moarn wer sa moai wurdt. We sjogge wol wêr it skip strânje sil."