Wrâldrekôr foar Liesette Bruinsma
Paraswimster Liesette Bruinsma fan Wommels hat in nij wrâldrekôr swommen op de 100 meter frije slach by it NK koartebaan yn Den Haag. Bruinsma kaam oer de finish yn in tiid fan 1.04,30.
Ek op de 200 meter wikselslach pakte Bruinsma de Nederlânske titel. Dat die se yn in tiid fan 2.49,48. Op de 50 meter skoalslach einige Bruinsma boppedat as twadde.
Earder op de dei wie der ek al in Nederlânske titel foar Marrit Steenbergen. Dat die se op de 100 meter rêchslach.