Omrop Fryslân

Rjochter beslist oer natuerbeskerming, Fryske lânbou en natuer wachtsje mei spanning ôf

De Alde Feanen by Earnewâld
© Omrop Fryslân, Sian Wierda
Krijt de natuer foarrang boppe ekonomyske foarútgong? Op dy fraach komt woansdei in antwurd. Dan docht de rjochtbank útspraak yn de saak fan Greenpeace tsjin de Staat der Nederlanden, oer de steat fan de natuer yn ús lân.
Neffens Greenpeace leit 90 prosint fan de beskerme natuertypen in Nederlân der min of striemin hinne.
Karakteristike planten en bisten binne de ôfrûne jierren yn heech tempo yn oantallen ôfnaam, wêrtroch't ekosystemen út balâns reitsje en ynstoarte, seit de organisaasje.
Natuergebiet De Brandemar by Aldlemmer fan Steatsboskbehear
© Omrop Fryslân, Sian Wierda
De Steat moat der dêrom foar soargje dat de stikstofútstjit drastysk en rap nei ûnderen giet.
Ein dit jier moat op syn minst 75 prosint fan de meast kwetsbere natuer yn Natura 2000-gebieten beskerme wurde. Ein 2030 moat dat jilde foar op syn minst 90 prosint fan de kwetsbere natuer.

De Alde Feanen

Twa natuergebieten yn Fryslân dêr't it hiel min mei giet, binne de Alde Feanen en de Rottige Meenthe & Brandemeer. Se ha te lijen fan te folle delslach fan stikstof en der binne problemen mei it wetterbehear. Ferskate plante- en bistesoarten wurde dêrtroch yn har fuortbestean bedrige.
Guon saakkundigen tinke dat Greenpeace kâns makket om te winnen. By in earder koart pleit koe de steat him noch ferdigenje troch te wizen op besteand stikstofbelied en in pot jild fan 24 miljard dy't helpe moast om de problemen oan te pakken.
It nije kabinet hat beide lykwols fan tafel fage en wurket no oan nije plannen dy't folle minder jild kostje meie.
Minister Wiersma lûkt folle minder jild út as har foargonger om te wurkjen oan minder stikstofdelslach
© Europeeske Uny
In rjochter sil sjen hoe konkreet de maatregels binne dy't minister Wiersma nimme wol, tinke saakkundigen.
Boppedat moat Nederlân him hâlde oan Europeeske natuerbeskermingsregels, dy't sizze dat it mei de natuer yn Natura 2000-gebieten net noch minder wurde mei. Ut ûndersyk docht bliken dat dat wol sa is of driget te gebeuren.
Der is dus wurk oan de winkel.
We fersinke yn in juridysk stekspul.
Hendrik Galema, foarsitter Agrarische Jongeren Friesland
De noed wie al grut yn de lânbousektor, en dizze rjochtsaak makket dy der bepaald net minder op, seit foarsitter Hendrik Galema fan de Agrarische Jongeren Friesland (AJF).
"De fergunningferliening is al weardeleas. We fersinke yn in juridysk stekspul en dat kostet in part fan de sektor de kop", seit hy.

Te min fyzje

Galema fynt dat der yn it ferline besluten naam binne sûnder dat dêr in goeie takomstfyzje ûnder lei oer hoe om te gean mei natuer.
As der eartiids better neitocht wie oer wêr't romte is foar natuer en wêr foar lânbou, dan hie it no hiel oars west. "We ha it oan ússels te tankjen."
Foarsitter Hendrik Galema fan de Agrarische Jongeren Friesland
© Gerrit de Boer, Omrop Fryslân
Galema ferwyt dit de polityk wol in bytsje, seit er. "Se hiene keuzes meitsje moatten. Se ha oansjoen hoe't allerhande regeljouwing makke waard. En mei te min koers en fyzje trochûntwikkele."
Jonge boeren, ek yn Fryslân, sitte no mei de konsekwinsjes. Se ha stapels fergunningsoanfragen lizzen, mar se kinne der neat mei, want se wurde net behannele.
"De gemeente wiist nei de provinsje, de provinsje wiist nei it Ryk en it Ryk ferwiist wer werom nei de gemeenten. Sa sjit it net op", seit Galema.
Direkteur Hans van der Werf fan de Friese Milieu Federatie is it mei Galema iens dat it sa net avesearret. It regear sil no echt oan de slach moatte, oft Greenpeace no wint of net, seit hy.

Noch mear fergunningplicht

Van der Werf wiist op de útspraak op 18 desimber ôfrûne jier, fan de Ried fan Steat. Dy hat bepaald dat bedriuwen in fergunning ha moatte as se wat feroarje wolle yn hoefolle stikstof se útstjitte: it yntern saldearjen is fergunningplichtich, mei weromwurkjende krêft.
It hie sa fier net komme moatten.
Direkteur Hans van der Werf fan de Friese Milieu Federatie
"Wy wolle it leafst nei oplossingen sjen, mar somtiden is prosedeare nedich", seit Van der Werf. "De rjochter seit hieltiten: 'Jimme moatte echt wat dwaan.'"
Hans van der Werf
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
De direkteur fan de miljeufederaasje fynt it allegear heftich. "It hie safier net komme moatten. We hiene leaver in oare situaasje hân: we ha in plan, we ha jild, we geane oan it wurk."
Van der Werf is benaud dat alles stil komt te lizzen. Dat leveret net folle op foar de natuer.

De Fryske situaasje

Yn Fryslân wie al in soad enerzjy stutsen yn it wurkjen oan oplossingen, fia it Frysk Programma Lanlik Gebiet (FPLG), dêr ferskate partijen út de lânbou en natuer yn gearwurken.
Doetiids deputearre Femke Wiersma sette dêr lykwols in streek troch, dat die se letter ek mei it Nationaal Programma Landelijk Gebied.
Fryslân makke mei it FPLG gading nei inkelde miljarden foar natuerwerstel. De provinsje moat it no dwaan mei 180 miljoen foar in oantal projekten.
De hoop is dat de Fryske lânbou in flink beslach lizze kin op de 500 miljoen dy't alle jierren beskikber komt foar agrarysk natuerbehear.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.