Ministers wolle Fryslân 150 miljoen jaan om natuer te ferbetterjen

De Alde Feanen by Earnewâld (De Oude Venen, Eernewoude)
Under oare mei de natuer yn de Alde Feanen giet it net goed © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De provinsje Fryslân kin 150 miljoen euro krije om de natuer te ferbetterjen. Dat docht bliken út de foarriedige ferdieling fan de 1,28 miljard euro dy't it demisjonêre kabinet dêrfoar frijmeitsje wol.
Ministers Piet Adema (Lânbou) en Christianne van der Wal (Stikstof) ha de ferdieling tongersdei nei de Twadde Keamer ta stjoerd. Yn totaal hienen de provinsjes foar 2,7 miljard euro oan plannen yntsjinne foar maatregels foar in "toekomstbestendig en gezond landelijk gebied", mei ûnder oare minder stikstofútstjit.
Fryslân hie 347 miljoen euro oanfrege en krijt dêr dus 150 fan, sa't it no liket.
Undersikers fan de universiteit fan Wageningen ha alle provinsjale plannen beoardiele om te sjen wa't de measte kâns fan slagjen hat. Oan de hân fan dy beoardieling kinne provinsjes de plannen noch oanskerpe, om sa dochs foar mear jild yn oanmerking te kommen.

Gjin wedstrydsje

De provinsje Drinte hie mei 477 miljoen euro de djoerste plannen ynlevere, mar krijt dêr sa't it no stiet 131 miljoen fan. Seelân krijt mar 4 fan de 68 miljoen dêr't se om frege ha. It measte jild is foarearst weilein foar de provinsje Utert: 284 miljoen.
Yn de Twadde Keamer woe Van der Wal tongersdei gjin ferliking tusken de provinsjes meitsje. "Dan doen we alsof het een wedstrijdje is. In hun eigen context doen ze het allemaal fantastisch."
De Twadde Keamer moat noch ynstimme mei de ferdieling fan de 1,28 miljard euro. De minister hopet dat dat gebeurt: "Als we dit niet doen, stellen we ondernemers teleur, laten we provincies met hun wettelijke taak in de kou staan en lopen we het risico dat we bij boeren moeten ingrijpen met dwingende maatregelen."