Twadde Keamer wol beweging yn lânboukrisis: "Boer komt om in eigen shit"

ANP
In boer jout syn kij te fretten © ANP
De Twadde Keamer siket in útwei út de bedrigingen dy't op de lânbousektor ôf komme. "Als we niets doen komt de Nederlandse veehouder om in de eigen shit", seit Keamerlid Harm Holman (NSC).
It ôfbouwen fan de saneamde derogaasje is ien fan dy bedrigings. Boeren yn Nederlân mochten mear dong útride as yn de rest fan Europa, mar oan dy útsûnderingsposysje komt no in ein. Boeren moatte dêrtroch ekstra kosten meitsje om dong ôf te fieren.
It demisjonêre kabinet wol 3 miljard euro frijmeitsje foar de stikstofoanpak. Dit jild is ornearre foar de frijwillige útkeapregeling foar boeren en 1,3 miljard foar de provinsjale plannen foar it lanlik gebiet.
PVV, VVD en BBB wolle noch net sizze oft se hjir foar stimme sille. "Ik zit hier niet meer alleen. Ik moet dit goed en zorgvuldig met de fractie bespreken", seit BBB-fraksjefoarsitter Caroline van der Plas.
"De melkveehouderij is wat ons betreft de drager van het platteland, maar de omvang moet in verhouding zijn met de ruimte die er is. Je kunt de individuele boer niet verantwoordelijk houden voor de situatie van nu", seit Holman. "Dat is de overheid."

Unmooglike easken

De universiteit fan Wageningen hat berekkene dat it foar in soad boeren finansjeel net mooglik is om te foldwaan oan alle easken fan de oerheid as it giet om duorsumer en skjinner buorkjen.
Allinnich al de nije dongregels kinne in melkfeehâlder samar tsientûzenen euro's it jier kostje. En dan binne der ek noch stikstofregels, der is in Europeeske nitraatrjochtline en in kaderrjochtline wetter.
In boer rydt dong út oer it lân
In boer rydt dong út oer it lân © ANP
De Twadde Keamerleden dy't har om lânbou bekroadzje ha koartlyn in tsjinstreis makke nei in grutte lânboubeurs yn Berlyn: de Grüne Woche.
By in goed glês wyn ha se oeren mei-inoar praat, yn de trein, en neffens waarnimmers wie dat 'net ûngesellich'. Politike tsjinstanners as GrienLinks-PvdA, VVD, CDA en NSC binne doe in stik tichter byinoar kaam.

'Reductie veestapel is nodig'

"Een reductie van de veestapel is nodig. Die moeten we op een warme en sympathieke manier regelen", sa sei Holman. Hy tinkt dêrby yn it foarste plak om gebieten mei in soad bargen yn Brabân en Limboarch.
"Mijn oproep is ophouden met kissebissen en aan de slag. Laten we als Tweede Kamer onze verantwoordelijkheid nemen."

Fan ynsjoch feroare

Twadde Keamerlid Laura Bromet fan GrienLinks-PvdA hie it ôfrûne wykein it boek 'Gesloten wegens stikstof' fan de Fryske lânbouprofessor Jan Douwe van der Ploeg lêzen.
Yn dat boek beskriuwt Van der Ploeg ûnder oare it sukses fan organisaasjes as Eastermars Lânsdouwe, dy't sels beamsingels beheare en de ferantwurdlikens namen foar it lânskipsbehear yn de Fryske Wâlden.
It lit neffens him sjen dat je hiel goed ôfspraken meitsje kinne mei boeren op it mêd fan natuer en lânskip.
Jan Douwe van der Ploeg (rjochts) by in boer yn de stâl
Jan Douwe van der Ploeg (rjochts) by in boer yn de stâl © ANP
Bromet is neffens eigen sizzen fan ynsjoch feroare en wol ûndersykje oft it ek mooglik is om ôfspraken te meitsjen mei boeren oer in 'emissy-earme' lânbou.
GrienLinks-PvdA is ree om jild te ynvestearjen yn it duorsumer meitsjen fan de lânbou, mar wol op basis fan hurde ôfspraken oer saken as wetterkwaliteit en emisje-earme lânbou.
Lânbouminister Piet Adema reagearret tongersdei op alle fragen en foarstellen út de Twadde Keamer. Hy mei dan net de demisjonêre status fan it kabinet as ferlechje brûke, want de problemen yn de lânbousektor kinne neffens de measte partijen net wachtsje op de formaasje fan in nij kabinet.