Twa Fryske natuergebieten yn steat fan krisis: grutte fjoerflinter mei útstjerren bedrige

De grutte fjoerflinter
De grutte fjoerflinter © Jurriën van Deijk
It giet min mei de natuer yn de Alde Feanen en de Rottige Meenthe & Brandemar. De Ecologische Autoriteit lûkt no oan de belle. Der binne gau maatregels nedich om foar te kommen dat de situaasje noch minder wurdt.
De twee Natura 2000-gebieten steane bekend om de oanwêzigens fan bysûndere biste- en plantesoarten, lykas de rottekop, de marflearmûs, de krytiel en de gielflekwytsnút. Beide gebieten falle ûnder Europeeske beskerminsgregels.

Fjoertflinter yn gefaar

De Ecologische Autoriteit konstatearret dat it leefgebiet yn beide gebieten bot minder wurden is, mei as gefolch dat guon soarten noch kwealik foarkomme. Sa wurdt de grutte fjoerflinter, dy't yn de Rottige Meenthe & Brandemar foarkomt, mei útstjerren bedrige.
Te folle delslach fan stikstof en problemen mei it wettersysteem binne de wichtichste oarsaken fan de problemen yn de twa natuergebieten.
"We weten al jaren wat voor problemen stikstof kan veroorzaken. Het is dan ook niet gek dat dat ook in deze gebieden naar voren komt", zegt Marja van der Tas, van de Ecologische Autoriteit.
Voor gezonde natuur speelt het water een belangrijke rol.
Marja van der Tas fan de Ecologische Autoriteit
"En wat betreft het water: de Alde Feanen en Rottige Meenthe zijn in de loop der jaren hoger komen te liggen. Daarom moet er water naartoe worden gebracht. Maar is dat wel van goede kwaliteit? Want voor gezonde natuur speelt dat een belangrijke rol."
Neffens de Ecologische Autoriteit is it needsaaklik dat de kwaliteit fan it wetter ferbettere wurdt en dat de delslach fan stikstof yn de twa natuergebieten nei ûnderen giet.
Om de grutte fjoerflinter te rêden, moat op koarte termyn in needplan opsteld en útfierd wurde.

'Bemoedigend'

De autoriteit komt mei de advizen nei oanlieding fan 'analyze natuerdoelen' dy't de provinsje Fryslân makke hat. It advys is opsteld troch in ûnôfhinklike wurkgroep fan minsken út de wittenskip.
Van der Tas fynt it 'bemoedigend' dat de provinsje Fryslân de problemen erkent. "Ik ben blij dat we hier niet alleen in staan."
Deputearre Matthijs de Vries seit dat de provinsje hydrologysk en boaiemûndersyk dwaan sil. "Fan in soad saken wienen we ek al op de hichte. We binne al dwaande mei in plan foar de grutte fjoerflinter. It wie in urgint rapport en dy urginsje fiele wy ek."