Omrop Fryslân

Stikstofsituaasje soarget opnij foar opskuor: "Dit is hopeloos"

Kij op stâl
© Omrop Fryslân
Yn de polityk, de agraryske sektor en it bedriuwslibben is flinke ûnrêst ûntstien nei oanlieding fan in stikstofútspraak fan de Ried fan Steat.
"Dit is in hopeleaze situaasje. Je meie dochs wol fan in oerheid ferwachtsje dat der wet- en regeljouwing is dy't wurkber is?" It boadskip fan Jan Teade Kooistra fan boere-organisaasje LTO oan it adres fan de oerheid is dúdlik.
Om foar te kommen dat in resinte útspraak fan de Ried fan Steat de agraryske sektor noch mear yn 'e knipe bringt, moat de oerheid driuwend mei oplossings komme.
De Ried oardiele yn desimber dat it brûken fan frije stikstofromte foar bygelyks bedriuwsútwreiding net samar kin. Dit saneamde 'yntern saldearjen' soarge derfoar dat der dochs noch boud wurde koe nei de stikstofútspraak fan 2019.

Yllegaal

Polityk Den Haag makket him grutte soargen nei dy útspraak fan de Ried fan Steat. Dy soe bygelyks betsjutte dat in groep boerebedriuwen, bûten har eigen skuld om, yllegaal wurden is.
Mar dêr hâlde de problemen net op.

Omjouwingswet

De omjouwingswet garandearret de beskerming fan kwetsbere natuergebieten en de yn it gebiet foarkommende wichtige soarten. Dêrby moatst tinke oan natuergebieten mei byhearrende soarten dy't foar Nederlân fan wichtige betsjutting binne.
It giet dan bygelyks om Natura 2000-gebieten.
As in boer of in boubedriuw wurk útfiere wol wêrtroch't mooglik stikstof telâne komt yn in Natura 2000-gebiet, is dêrfoar in omjouwingsfergunning foar in Natura 2000-aktiviteit nedich.
Der wie de ôfrûne jierren dus gjin ekstra fergunning nedich om frije stikstofromte te brûken.
Yn de praktyk kaam it derop del dat it juridysk sjoen net iens mooglik wie om in fergunning te krijen.
Wenningbou
© Shutterstock
Op 18 desimber 2024 sei de ôfdieling bestjoersrjochtspraak fan de Ried fan Steat dat yntern saldearjen fan stikstofútstjit fergunningplichtich wurden is en dat soks dus sûnder fergunning net mear mooglik is.

Yllegaal

Om't de útspraak mei weromwurkjende krêft jildt, binne boeren en bouprojekten dy't dizze metoade tusken 1 jannewaris 2020 en 1 jannewaris 2025 brûkt ha mooglik yllegaal.

Foarbylden fergunningplichtige aktiviteiten

  • By de oanlis fan ynfrastruktuer kin der sprake wêze fan stikstofdeposysje;
  • Ofhinklik fan de grutte en de ôfstân ta de Natura 2000-gebieten kin der sprake wêze fan stikstofdeposysje by de bou fan in fabryk of in nije wenning;
  • It útwreidzjen fan in feehâlderij kin ek liede ta mear stikstofdelslach op de omlizzende Natura 2000-gebieten.
Yntern saldearjen is ek brûkt foar de oanlis fan bygelyks wenwiken, akwadukten, brêgen en oare ynfrastruktuer. De gefolgen foar de bou wurde noch ûndersocht.
Dêrfoar wurdt in saneamde ministeriële kommisje ynsteld. Dêryn moatte de ministers fan de belutsen ministearjes de problemen yn kaart bringe. Yn dit gefal giet dat nei alle gedachten om Femke Wiersma (Lânbou), Mona Keijzer (Wenningbou) en Barry Madlener (Ynfrastruktuer).

Reaksje provinsje

De provinsje Fryslân ferwachtet dat de útspraak fan de Ried fan Steat grutte gefolgen hawwe kin foar de fergunningferliening foar projekten dy't stikstofdeposysje feroarsaakje.
Yn 'e mande mei it Ryk en de oare provinsjes wol de provinsje besjen wat eksakt de gefolgen fan de útspraak binne.

Reaksje LTO

"De gefolgen binne grut", seit Jan Teade Kooistra fan LTO Noard. "Hjirmei stiet alles op slot. Je kinne no hielendal neat mear. Je kinne sels gjin dingen dwaan om stikstof te redusearjen."
"Der binne ynienen in hiel soad bedriuwen dy't wat yllegaals dien ha", giet Kooistra fierder. "Sels wenwiken binne no yllegaal."
Jan Teade Kooistra
© Omrop Fryslân
"De wet- en regeljouwing moat oanpast wurde. Wy meie fan in oerheid ferwachtsje dat we wetten ha dy't wurkber binne."
Kooistra's konklúzje lit him riede. "De oerheid is oan set."

Fiif jier tiid

De Ried fan Steat hat sels ek wol yn 'e gaten dat legalisaasje fan dizze bedriuwen in grut probleem is. Dêrom stelde de Ried in oergongstermyn fan fiif jier yn. Yn dy tiid moatte bedriuwen harren fergunnings op oarder krije.
De fraach is oft dat wol slagget. Al jierren wurdt bygelyks besocht om PAS-melders, in groep boeren mei in soartgelyk probleem, te legalisearjen. Dat is noch altyd net slagge.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.