Omrop Fryslân

Minister Wiersma: alle PAS-melders legalisearje kin net, der komt maatwurk

Femke Wiersma
© ANP
Net alle PAS-melders kinne legalisearre wurde. Dat wie woansdei it 'hurde boadskip' fan Lânbouminister Femke Wiersma yn it stikstofdebat yn de Twadde Keamer.
Hoewol't de minister dus stevige wurden spruts, liet se ek witte dat sy 'neist en achter' elke PAS-melder stean wol.
It probleem fan de PAS-melders fereasket neffens Wiersma 'maatwurk'. PAS-melders binne boeren dy't gjin jildige natuerwetfergunning hawwe, sûnder dat se dêr sels wat oan dwaan kinne. Dat se gjin fergunning hawwe, komt troch bryk oerheidsbelied.
Keamerkommisje fan lânbou praat oer it stikstofprobleem
© Omrop Fryslân
Eltse PAS-melder kriget in saakbegelieder, dy't op koarte termyn mei de boer yn petear giet om de ferskate mooglikheden op in rychje te setten. It kin gean om it oanpassen fan it bedriuw, om útkeap - seker as der gjin opfolging is -, mar ek om in proses rjochting legalisaasje.
"Mei ien maatregel dit probleem foar alle bedriuwen oplosse, dat kin net. Dêrfoar is it probleem te kompleks en binne de bedriuwen te ferskillend." De minister stribbet dernei dat der binnen trije jier foar eltse PAS-melder in 'juridysk hâldbere' útkomst is.

'Faach'

De partijen yn de Twadde Keamer wiene woansdei kritysk oer it brief dy't de minister publisearre oer it probleem fan de PAS-melders. Laura Bromet fan GrienLinks-PvdA neamde it brief 'onbegrijpelijk en zonder concrete uitwerking'.
Har kollega Pieter Grinwis fan de ChristenUnie neamde it stik 'vaag, teleurstellend en tijdverlies'. Wiersma sei yn har reaksje dat se 'it ûngeduld fan de keamer hiel goed begrypt'. "Ik ken zelf ook veel PAS-melders. Ik ken hun zorgen."
Ze gooit een door de overheid gecreëerd probleem bij de PAS-melders over de schutting.
Laura Bromet, Keamerlid foar GroenLinks-PvdA
As earste stap wol Wiersma de PAS-melders trije jier langer de romte jaan, sadat yn tuskentiid oan in oplossing wurke wurde kin. It is mar de fraach oft dat slagget, want de organisaasje Mobilisation for the environment fan Johan Vollenbroek hat al in 'tsûnamy oan hanthaveningsfersiken' oankundige mei yngong fan maart.
Sûnder konkrete stappen fan de Ryksoerheid om de stikstofútstjit te beheinen, kinne dy juridyske prosedueres wolris ferkeard ôfrinne foar de PAS-melders, tinkt VVD-Twadde Keamerlid Thom van Campen. Dit Keamerlid wennet yn Oerisel, ien fan de provinsjes dy't in soad hanthaveningsfersiken ferwachtet. Ek de provinsje Fryslân kin sokke fersiken ferwachtsje.

Ferskate útkeapregelingen

PAS-melders dy't net legalisearre wurde kinne, hawwe altyd de mooglikheid om in skeaclaim yn te tsjinjen by it Ryk, sa seit Wiersma. "Dat is niet hét spoor, maar een van de mogelijke sporen."
Mei de ferskate útkeapregelingen dy't no rinne, ferwachtet minister Wiersma wol dat der mear stikstofromte komt om in part fan de PAS-melders te legalisearjen. Keamerlid Bromet is kritysk oer dizze oanpak fan de minister. "Ze gooit nu een door de overheid gecreëerd probleem bij de PAS-melders over de schutting."
Wiersma sei ek dat se op dit stuit gjin mooglikheid sjocht om de 'ynterimmers' te helpen, in oare kategory boeren sûnder jildige natuerwetfergunning. "Us ynset is rjochte op de PAS-melders. Dy binne yn byld, de ynterimmers net."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.