Omrop Fryslân

Provinsje komt net oan latinte stikstofromte fan boeren

Lânboudeputearre Abel Kooistra
© Omrop Fryslân
It bestjoer fan de provinsje Fryslân hat gjin plannen om net brûkte stikstofromte by boeren, de saneamde latinte stikstofromte, yn te foarderjen om it stikstofprobleem oan te pakken.
Dat seit deputearre fan lânbou Abel Kooistra yn reaksje op it beslút fan Noard-Brabân dat latinte stikstofromte by boeren en bedriuwen dêr fan 2026 ôf ynnaam wurdt.
Kooistra hâldt fêst oan opkeapjen op basis fan frijwilligens. "As der boeren binne dy't sizze 'ik ha romte oer en dy brûk ik dochs net', dan is it goed om dêrmei yn petear te gean. Mar it generyk ynlûken fan latinte romte, dêr sjoch ik neat yn."
Kij yn de stâl fan boer Hans Wemer fan Boyl
© Omrop Fryslân, Tiete Sijens
"Je kinne der seker fragen by stelle oft dat tsjûget fan goed bestjoer", ferfolget Kooistra. "Us kolleezje hat gjin plannen om sa'n maatregel te nimmen, absolút net."

Net foar PAS-melders

Kooistra heakket deroan ta dat de provinsje frijkommende stikstofromte net sa mar oeral ynsette kin. Dat soe bygelyks handich wêze foar it legalisearjen fan PAS-melders: boeren dy't gjin natuerfergunning hawwe, omdat se yn it ferline ta koenen mei in melding by de provinsje.
Sy buorkje yllegaal sûnt de Ried fan Steat de PAS-regeling ûnwettich ferklearre yn 2019.
"We meie de latinte stikstofromte net brûke foar PAS-melders, fanwege it addisjonaliteitsprinsipe", seit Kooistra. "Under dy regel moat frijkommende stikstofromte net soargje foar it minder wurden fan de natuer. Dat prinsipe moat ôfbeakene wurde, want no sit der gjin ein oan, mar dy grinzen binne der noch net."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.