Omrop Fryslân

Geiteboer Doetie moat part fan har geiten fuortdwaan: "Sa krom as wat"

Doetie Trinks mei har geiten
© Omrop Fryslân
As se oer har geiten praat, dan krijt Doetie Trinks út Aldwâld fuortendaliks in grutte laits op har gesicht. Mar efter dy laits sit in soad frustraasje en fertriet.
Se moat in grut part fan har geiten fuortdwaan, om't se har fergunning net rûn krije kin.
De gemeente Noardeast-Fryslân en de provinsje kinne har fanwegen de stikstofregels net in definitive fergunning foar har bedriuw jaan.
Ik haw it idee dat ik se ferrieden haw.
Doetie Trinks, geiteboer
75 Toggenburger geiten hippe der om op 'e pleats en yn 'e greide. Mar dy 75, dat wiene der earst 85. Trinks fielde har twongen om 10 nei de slachter te bringen, om't der twangsommen boppe har holle hongen.
"Ik bin ferantwurdlik foar dy bisten en ik haw it idee dat ik se ferrieden haw", fertelt se mei triennen yn 'e eagen.
Mar mei dy 10 geiten is se der noch net. As se wol dat har bedriuw bestean bliuwt, moat se it totaal oantal werombringe nei 15.
Ien fan de geiten
© Omrop Fryslân
Se ferhuze sa'n twa jier lyn fan Jobbegea nei Aldwâld, omdat se it lân wêrop't se buorke net langer pachtsje koe. Se moast hast ophâlde mei har bedriuw, mar fûn úteinlik in nij plak yn Aldwâld. Dêr koe se foar 25.000 euro stikstofromte keapje fan in boer yn 'e buert.
Dochs is de takomst fan Trinks en har geiten noch altyd net wis: "De fergunning leit klear. Mar de provinsje mei neat dwaan mei stikstof, omdat it allegearre beferzen is. Dêrom bin ik no eins yllegaal."
We wurde net beleanne foar wat we dogge, mar straft.
Doetie Trinks, geiteboer
Trinks docht der fan alles oan om har geitebuorkerij sa geit- en miljeufreonlik te meitsjen. Sa hat se krûderyk lân fan tsien bunder, dêr't de geiten frij op omrinne en weidzje kinne.
Se brûkt gjin keunstdong en fan de rauwe geitemolke makket se, mei de hân, tsiis. It strjemsel dêrfoar komt ek fan har eigen geiten. "It hiele ferhaal is sa krom as wat. We wurde net beleanne foar wat we dogge, mar straft. It moat hjir kinne, it soe hjir kinne moatte."
Geiteboer Doetie moat part fan har geiten fuortdwaan: "Sa krom as wat"
De regels dy't makke binne foar de stikstof, binne neffens har net rjochte op lytse ambachtlike bedriuwen. Dêrom is neffens Trinks mear maatwurk nedich: "Ik soe wolle dat der romte komt foar dit soarte bedriuwen."
Reaksje provinsje:
"Als provincie zien wij de problemen waartegen een bedrijf als Doetie's geiten tegenaan loopt. Voor het onderdeel natuur proberen wij waar mogelijk mee te denken in een oplossing voor de vergunningverlening, bijvoorbeeld door mee te denken in de extra onderbouwing(en) van de aanvraag, waarbij bijvoorbeeld gedacht kan worden aan het treffen van emissiereducerende maatregelen zoals extra beweiding."
Neffens Trinks moat har stikstofútstjit metten wurde, om't net wis is oft se echt mear útstjit as dat har krûderike grûn opnimt. "Eins soe ik net stikstofromte oankeapje moatte hoege, omdat it net iens wis is oft ik it wol útstjit."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.