Biologysk buorkje kin net út foar alle boeren, fernimt ek in Fryske geitehâlder

In geitehâlderij (net dy fan it artikel) © ANP
As Nederlân 15 persint biologyske lânbou yn 2030 wol, dan kin dat allinne helle wurde as de hâlding fan de konsumint feroaret. Dat tinkt alteast Age de Jong fan Skearnegoutum, foar wa't it biologysk buorkjen net út koe.
Ut ûndersyk fan de NOS hat bliken dien dat de biologyske lânbou amper groeit. Yn bedriuwstakken lykas de geitehâlderij en plomfeehâlderij nimt it oantal biologyske bedriuwen sels ôf.

It kin net út

It is te min rendabel, dêrom skeakelje guon boeren oer nei gongbere lânbou. Sa ek De Jong, dy't in opfokbedriuw foar geiten hat. Hy wurke in skoftke biologysk, mar kaam dêr twa jier lyn op werom. Want it skeelt him 55.000 euro it jier.
"Wy hawwe in kear biologyske geiten ôflevere, foar in gongbere priis. Mar wy kamen der efter dat der eins hielendal gjin fraach nei wie", fertelt De Jong. It is te dreech foar biologyske geitehâlders, neffens syn betinken.

Hege prizen

"De krêftfoerprizen lizze heech, mar de prizen foar molke just net. Ik haw oan it rekkenjen west: wat smyt it ús no op? Doe die bliken dat it foar ús net koe. As je neat ekstra's krije foar de geiten, dan kin it net. Dêrom hawwe wy sein: wy hâlde it lân biologysk, mar de geiten gongber."
In biologyske geitehâlderij (argyffoto) © ANP
De Jong fynt it eins spitich, want hy soe bêst wolle. Dat de krêftfoerprizen sa heech lizze, hat te krijen mei de minder grutte opbringst by it biologysk ferbouwen, it mear lêst hawwen fan ûnkrûd en de hegere kosten deromhinne. "It is dûbeld sa djoer as gewoan foer."
It hat ek te krijen mei biologysk nôt dat foarhinne út Oekraïne helle waard. En troch de enerzjy- en keapkrêftkrisis doare supermerken net yn te setten op biologysk.

Doelen net mear helber

Nederlân wol yn 2030 eins 15 persint fan de lânbou biologysk en de Europeeske Kommisje wol sels nei 25 persint ta. Mar ferline jier wie it oandiel yn Nederlân net heger as 4,4 persint. Dêrmei liket wol dúdlik dat Nederlân de doelen net helje sil.
Der binne 12,2 persint minder biologyske geitehâlders as ferline jier. By de plomfeehâlders is de weromrin 15,4 persint en by de ikkerbou-túnboukombinaasje hold 13 persint op.
In oplossing moat net fia de oerheid komme, tinkt De Jong, mar fan de supermerken en konsuminten. "Op it momint dat je biologyske produkten foaroan yn it skap lizze en je bot bûge moatte om in gongber produkt te pakken, sil der miskien wol mear fraach komme. Mar it moat by de konsumint wei komme."