Omrop Fryslân

Agraryske Jongeren Friesland hat noed oer takomst PAS-melders

Foarsitter Hendrik Galema fan Agrarische Jongeren Friesland
© Omrop Fryslân
Agraryske Jongeren Friesland (AJF) makket him soargen oer it foarstel fan Lânbouminister Femke Wiersma om de saneamde PAS-melders noch trije jier de romte te jaan.
PAS-melders binne boeren dy't bûten har skuld gjin jildige natuerwetfergunning hawwe. Neffens foarsitter Hendrik Galema fan de AJF is trije jier langer gedoge gjin oplossing.
"De rûte nei legalisaasje wurdt net better, hy wurdt allinnich langer."
De Twadde Keamer praat woansdei oer de situaasje fan de PAS-melders yn it stikstofdebat mei minister Wiersma.

"Femke Wiersma keapet tiid"

Yn Fryslân binne likernôch 230 PAS-melders. Ek ûnder de AJF-leden sitte ferskate PAS-melders. Dy kinne hiel lestich in liening fan de bank krije om bygelyks it bedriuw duorsumer te meitsjen.
"Femke (Wiersma, red.) keapet no tiid, mar dêr binne ús leden net mei holpen."
Agrarische Jongeren Friesland hat noed oer takomst PAS-melders en ynterimmers
Galema makket him noch gruttere soargen oer it lot fan de saneamde ynterimmers. It giet om in oare groep boeren dy't gjin jildige natuerwetfergunning hat, mar folle minder oandacht krijt fan de polityk.
Galema is planút teloarsteld dat dizze groep hielendal net neamd wurdt yn it Keamerbrief fan Wiersma oer de PAS-melders.
Hy kin oars net as konstatearje dat it minister Wiersma oant no ta noch net slagge is om dizze groep boeren wer perspektyf te jaan.
"Ik hie der mear fan ferwachte. It soe allegearre oars. Oant no ta is it foaral mear fan it itselde, mar it duorret allinnich langer."
Op 25 oant 33 persint fan de bedriuwen wurdt te min fertsjinne foar in goeie takomst.
Hendrik Galema fan Agraryske Jongeren Friesland
De Agrarische Jongeren hâlde der rekken mei dat der de kommende jierren noch de nedige agraryske bedriuwen ferdwine sille troch problemen as de stikstofkrisis en it dongoerskot.
"Op 25 oant 33 persint fan de bedriuwen wurdt te min fertsjinne foar in goeie takomst, seker as je witte dat takommend jier noch mear stront ôffierd wurde moat."

Ree om te feroarjen

Bedriuwen dy't ûnder druk steane, kinne kieze foar de opkeapregeling dy't minister Wiersma ferline wike oankundige. Galema hat dêr mingde gefoelens oer.
"Foar in âldere boer sûnder opfolger kin it in útkomst wêze om der wat waarmer mei út te skieden. Mar der binne ek jonge boeren dy't it leafst boer bliuwe wolle, mar har twongen fiele om op te hâlden. Dêr binne wy net foar."
De AJF hat yn Fryslân 1.100 leden. It binne allegearre boeren tusken de 18 en 36 jier. Om troch te buorkjen, moatte dy jonge boeren ree wêze om te feroarjen en rekken te hâlden mei de winsken fan de mienskip.

Agrarysk natuerbehear

Dat is it boadskip dat de AJF-leden yn Achtkarspelen en it earder Kollumerlân moandeitejûn meikrije op it grutte feefoerdebat yn Aldwâld. Op it debat gie it net allinnich oer hoe't je safolle mooglik molke út in ko helje kinne.
Der wurdt ek stilstien by CO2-útstjit, de soarch foar miljeu en boaiem, it behâld fan krûderyk gerslân en de mooglikheid om in part fan it ynkommen mei agrarysk natuerbehear te fertsjinjen.
Minister Wiersma wol de kommende jierren mear jild útlûke foar agrarysk natuerbehear en stribbet der ek nei om hjir langrinnende kontrakten foar ôf te sluten, sadat de boeren wite wêr't se oan ta binne.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.