De Alde Feanen krijt der mear as 70 fuotbalfjilden oan natuer by
Nasjonaal Park De Alde Feanen wurdt mear as 70 fuotbalfjilden grutter. Der wurdt 36 bunder fan de Sideriuspolder ynrjochte as natuer.
Earnewâld hat mei de De Alde Feanen al neat te kleien oer bysûndere natuer yn de omjouwing. Dochs komt der noch wat ekstra natuer by.
Dat hawwe Deputearre Steaten tiisdei besletten. It gebiet stie al folle lange op 'e nominaasje. It is al in oantal jierren yn eigendom fan de provinsje.
Winterdeis komme de legere parten foar langere tiid ûnder wetter te stean as in soarte fan bûtlân. Op oare parten moat in wiet skraallân ûntstean en krûderike greide.
Dat moat der mei foar soargje dat de leechfeansompe yn De Alde Feanen minder útdrûget. Lykas mear sompegebieten leit it lân deromhinne meastentiids leger as de sompe wêrtroch't it wetter út de sompe fuortrint.
Ek berikt mineraalryk kwelwetter út de hegere sângrûnen wei it gebiet minder goed, wêrtroch't bysûndere floara ûnder druk stiet.
Deputearre hâldt de hân op by it kabinet
De natuerynrjochting is ûnderdiel fan it 'Natuurnetwerk Nederland', dat natuergebieten ferbynt en fersterket. De provinsje moat foar 2027 noch in soad dwaan, mar it jild dêrfoar wurdt no foar in grut part útjûn oan guozzeskea by boeren.
Deputearre Matthijs de Vries hat dêrom demisjonêr minister Christianne van der Wal foar Natuer en Stikstof om ekstra jild frege. Mei as argumint dat it kabinet demisjonêr is, is dat no net slagge. Mar De Vries jout it noch net op.
"Wy wolle mear jild, want wy hawwe grutte ambysjes en wol hiel graach foar 2027 in grutte stap meitsje."