Omrop Fryslân

Deputearre De Vries sjocht "in soad entûsjasme" by lânboupartijen oer greidefûgelôfspraken

Trekker en ploech
© Omrop Fryslân
Deputearre Matthijs de Vries bliuwt posityf oer de ôfspraken dy't der lizze tusken de lânbou en de provinsje oer it beskermjen fan greidefûgels by wurk op it lân. De provinsjale omjouwingstsjinst FUMO sei earder dizze wike noch dat dy ôfspraken ûnfoldwaande neilibbe wurde.
De ôfspraken kamen der yn 2021. De provinsje hie earder al besocht boeren te ferplichtsjen om yn de briedtiid in kontrôle te dwaan op greidefûgels foardat der op it lân wurke waard. Mar dêrop kamen fûle protesten.
Doe is keazen foar in oare oplossing: lânbou-organisaasjes krigen in ferplichting om sa goed as mooglik te besykjen boeren en leanwurkers foar te ljochtsjen oer hoe't je dat lânwurk it bêste dwaan kinne sûnder dat je de greidefûgels yn it paad sitte. De mearderheid docht dat ek, sa seit de FUMO.
No, yn de tredde maitiid fan dizze ôfspraken sjocht deputearre De Vries "in soad entûsjasme" by de lânboupartijen. "Entûsjasme om nei te tinken hoe't wy dat noch ferbetterje kinne mei elkoar." Yn juny sille alle partijen nochris om tafel om alles tsjin it ljocht te hâlden.

"Pluske op"

De ynset fan De Vries is om noch wat fierder te gean yn de ôfspraken as it giet om de beskerming: "Wat my oanbelanget, en dat witte alle partijen ek, mei der noch wol in pluske op."
Deputearre Matthijs de Vries
© Provinsje Fryslân
De provinsjale omjouwingstsjinst FUMO docht ek folop mei yn dy foarljochting oan boeren en leanwurkers. As tafersjochhâlders kinne sy ek strafrjochterlik yngripe, mar binne sy der net op út om boetes út te skriuwen, sa sizze sy sels.
Dochs wol it Bûn fan Fryske Fûgelwachten (BFVW) gjin aktuele ynformaasje trochjaan oer de lokaasje fan nêsten wylst de FUMO dêr wol om freget.

Fertrouwen yn elkoar

"It hat ek wol wat te krijen mei fertrouwen nei elkoar", seit De Vries. "Hoe dogge je no de goeie dingen mei elkoar sûnder dat de FUMO moarn op tritich plakken tagelyk stiet en seit: 'ho, en no is it klear', at je dy gegevens trochjouwe."
Deputearre De Vries noch hieltiten posityf oer greidefûgelôfspraken
"Dat hat alles te krijen mei dy ferbining mei elkoar en dy yntrinsike motivaasje fan ûnderop. Dêr moatte wy nochris goed mei elkoar oer prate yn de folgjende gearkomste oer de ôfspraken", seit deputearre De Vries.
At it oer it oanskerpjen fan de ôfspraken giet, joech foarsitter Keimpe Strikwerda fan it BFVW tongersdei noch in foarset. Hy wol eins ôf fan it meanen yn de jûntiid of nacht yn de briedtiid.

Yn petear

De Vries begrypt dy oprop wol. "Dy diel ik ek. At wy mei elkoar dy slach meitsje wolle de greidefûgelstân op te heinen, dan moatte wy sjen oft dit helpt. En doch it dan foaral, mean dan net nachts. Mar soks jildt ek foar ús positive kampanje Poes yn de mand. Dy bistjes moatte no gewoan binnen bliuwe."
De organisaasjes en de deputearre sille de kommende moannen fierder prate oer dit soarte ôfspraken om de greidefûgels beskermje te kinnen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.