Omrop Fryslân

Hiel yntinsive bestriding fan rôfbisten helpt skriezen om piken grut te bringen

In foks
© Rienk Fokkema
Hiele yntinsive bestriding fan rôfbisten helpt echt in soad om skriezepiken grut te krijen, sa docht bliken út in ûndersyk yn in 2500 bunder grut natuergebiet yn it Dútske Noordrijn-Westfalen. It gebiet is ideaal ynrjochten foar greidefûgels, mar leit wol yn in lânskip mei in soad bosk.
Yn it ûndersyk is acht jier lang byhâlden wat de ferskillen binne tusken gebieten dêr't hiel yntinsyf op rôfbisten jage waard en gebieten dêr't dat net dien is. Der is ek fan gebiet wiksele om út te sluten dat dat noch fan ynfloed wêze kin op de útkomsten.
Dat yntinsive jagen smyt yn trochsneed foar elts spantsje skriezen tusken de 0,97 en 1,12 piken op dy't sy grut krije. Wannear't dy predaasjebestriding folle minder yntinsyf is, leit dat sifer tusken de 0,09 en 0,18 piken. De piken ha ek in sender krigen.

Grutte ferskillen

Dat binne hiele grutte ferskillen, sjocht ek Jelle Loonstra. Hy is haadauteur fan it ûndersyk fan ekologysk adfysburo Altenburg&Wymenga: "Dan sjochst úteinlik dat de nêstoerlibbing, mar ek it oerlibjen fan de piken omheech knalt. Dat is fansels ek net in hiele grutte ferrassing." Mar der binne net in soad ûndersiken lykas dit.
It ûndersyk is al brûkt troch de nasjonale koepelorganisaasje fan agrarysk natuerbehear BoerenNatuur. Dy freget om mear romte foar it bestriden fan rôfbisten. Loonstra wiist der op dat in feilich plak om te brieden hiel wichtich is foar greidefûgels, mar dat jildt ek foar it hawwe fan in geskikt gebiet dêr't de fûgels iten en drinke kinne.
Ekolooch Jelle Loonstra
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Neffens Loonstra is it Dútske ûndersyk ek relevant foar de Fryske situaasje: "Yn sekere sin wol. De greidefûgels hjir moatte ek genôch te fretten ha, genôch te drinken en it moat feilich wêze. Je sjogge hjir betiden ek wol dat it gebiet net geskikt is, mar ek wol dat it net feilich genôch is."
"Dan kinst fan dit ûndersyk leare dat der betiden wat oan dy feilichheid dien wurde moat en dat it gebiet yn oarder wêze moat foar de piken."

Jagers

Der binne lykwols ek ferskillen tusken ús greidefûgelgebieten en wat der yn Dútslân dien wurdt om dy feilichheid te garandearjen, seit Loonstra: "Der wurde mear soarten bestriden. Dat mei. De yntinsiteit is ek oars. De terrein behearende organisaasje (TBO) hat gewoan jagers yn tsjinst. Dat binne dus gjin frijwilligers dy't jûns te ljochtbakken gean en oerdeis wer oan it wurk moatte."
In roppende skries by de Blaugerzen
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
De ljochtbak is in effektyf middel om foksen te sjitten omdat dy benammen yn de jûntiid aktyf binne.
It gebiet mei in mar yn 'e midden is ek folle grutter as de Fryske greidefûgelgebieten. Mar it is wol in "grut eilân yn in kompleet oar lânskip dêr't in soad romte is foar predatoren", seit Loonstra. Dat betsjut dat der nije predatoren by komme bliuwen as je der in tal opromje.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.