Foksejacht mei in ljochtbak ûnder druk: beswier tsjin Fryske ûntheffing
It mei in ljochtbak jeien op foksen stiet ûnder druk. Fauna4Life en Animal Rights meitsje beswier tsjin in nije provinsjale ûntheffing.
De jacht mei in ljochtbak wurdt no noch fan 1 desimber oant en mei de maitiid tastien om greidefûgels te beskermjen. De ûntheffing jildt ek foar it deameitsjen fan fongen waskbearhûnen.
Foksen wurde ferbline troch it ljocht fan in ljochtbak, dêrtroch bliuwe se stilstean en kin in jager se makliker sjitte.
Tiisdei binne de beswieren fan Fauna4Life en Animal Rights behannele yn de provinsjale kommisje beswier- en beropskriften.
Wichtichste argumint is dat de kwaliteit fan it leefgebiet folle wichtiger is. Mei de jacht op foksen beskermje je wol nêsten, mar dat is neffens de twa organisaasjes net effektyf omdat de kwaliteit fan de leefgebieten lang net altyd goed genôch is om de piken grut te krijen.
De provinsje bestriidt dat en de Faunabeheereenheid makke dúdlik dat de jacht mei de ljochtbak de meast effektive wize is om de foks te bestriden.
Nêst en piken
It oerlibjen fan in nêst is ek folle makliker te bewizen as it oerlibjen fan piken. Nêsten kinne je telle, mar it oerlibjen fan piken dogge je troch saneamde alarmtellingen oan de ein fan in greidefûgelseizoen.
Fûgels dy't noch piken hawwe, slaan alarm as der immen it fjild yn komt. Mar hoefolle piken sy dan krekt hawwe, is net altyd dúdlik.