Omrop Fryslân

Provinsje mei de kommende tiid 200 stienmurden fange en deameitsje

Stienmurd
© Wikimedia Commons
De provinsje Fryslân mei oant en mei juny 200 stienmurden fange en deameitsje. Dat docht tongersdei bliken út in útspraak fan de rjochtbank.
De útspraak waard dien yn in saak dy't oanspand is troch de Marterstichting, Fauna4Life en de stichting Animal Rights. Sy binne tsjin it fangen en deameitsjen fan de stienmurd.
Ein jannewaris hie de rjochtbank it fangen en deameitsjen fan stienmurden noch foarearst stillein.

Belangen ôfwage

De provinsje hie oant no ta in ûntheffing ôfjûn oan de Faunabehearsienheid om oant en mei juny goed fjouwerhûndert stienmurden dea te meitsjen. Dat dogge se om't it goed wêze soe foar de greidefûgelstân. Dy soe bot achterút rinne trochdat stienmurden de aaien fan greidefûgels snippe soene.
De rjochtbank hat no it belang fan stienmurden ôfwage tsjin it belang fan de greidefûgel. Om't net hielendal dúdlik is hoe grut it tal stienmurden yn Fryslân is, en wat it effekt is fan it ôfsjitten fan fjouwerhûndert eksimplaren, hat de rjochter derfoar keazen it fangen en deadzjen derfan 'te matigen'.
Deputearre Steaten en de Faunabehearsienheid hiene oanjûn dat de ferwachting wie dat der oant en mei juny sa'n 250 stienmurden fongen wurde soene. Dat meie no dus net mear as 200 wêze.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.