Deadzjen stienmurd mei net mear, provinsje moat ophâlde mei ûntheffings

Stienmurd © Wikimedia Commons
It fangen en deameitsjen fan stienmurden is foarearst stillein. De rjochter hat dêr in stokje foar stutsen.
No tongersdei tsjinnet by de rjochter in saak oer stienmurden. Dy saak is oanspand troch de Marterstichting, Fauna4Life en de stichting Animal Rights. Sy binne tsjin it fangen en deameitsjen fan de stienmurd.
Dyselde rjochter by wa't de saak tsjinnet, ferbiedt it deadzjen no al omdat it deadzjen 'ûnwerroplik' is.
De provinsje hat oant no ta in ûntheffing ôfjûn oan de Faunabehearsienheid om oant en mei juny goed fjouwerhûndert stienmurden dea te meitsjen.
It fangen en deameitsjen fan stienmurden is foarearst stillein
De Marterstichting is ien fan de trije organisaasjes dy't de saak oanspand hat. It probleem dêr't it eins om giet, is net it achterútgean fan de greidefûgelstân, mar de wize fan buorkjen, seit Edo van Uchelen fan de stichting.
Yn it boerelân lizze hoekjes lân dêr't boeren harren bêst dogge foar de greidefûgels. Dy lytse gebietsjes omskriuwt Van Uchelen as 'foerbakken'. Stienmurden rinne it gebiet yn snippe sa de aaien. Fûgels lizze wol wer opnij aaien, mar it probleem sit him yn de pikefaze, want der is te min leefgebiet foar de piken.
Van Uchelen is foar grutte gebieten dêr't fûgels feilich libje kinne, it leafste mei wetter deromhinne, want stienmurden hawwe in hekel oan wetter. Dan hoecht de stienmurd net ôfsketten te wurden, sa seit er. Der soe net genôch sjoen wêze nei alternativen foar it deadzjen, bygelyks skriktried of ûnderwetterdamen.

BFVW: mear aaien en mear piken

It Bûn fan Fryske Fûgelbeskermingswachten (BFVW) sjocht wol deeglik in negative útwurking op lange termyn as it deadzjen fan stienmurden hielendal ferbean wurdt, yn it gefal dat de provinsjele ûntheffing der definityf ôf giet.
Mear aaien kin de fûgelstân echt wol foarút helpe, seit waarnimmend BFVW-foarsitter Henk Minkes. "Ut ûndersyk oer in perioade fan fiif jier docht bliken dat it deadzjen fan stienmurden 28 prosint mear aaien opsmyt en dus ek 28 prosint mear kâns dat de piken grut wurde."
Fyftich jier ferlyn wiene der gjin stienmurden op dizze skaal. Minkes fynt grutte gebieten fan 2000 kante meter mei sleatten derom hinne op koarte termyn net reeël. "Foarhinne rêde de boer der mei de buks op de trekker sels mei."
De negative útwurking sil ek jilde foar minsken dy't harren ynsette foar de beskerming fan greidefûgels. It BFVW is foar gebieten dêr't de piken feilich grutbrocht wurde kinne, mar tsjin it ôfskaffen fan de provinsjale ûntheffing dêr't de Faunabehearsienheid sawat 400 stienmurden mei ôfsjitte mei.