Stienmurdestriid foar de Grinzer rjochtbank

Hoefolle stienmurden binne der eins yn Fryslân? En is it oant no ta net 'dweilen met de kraan open' as it giet om it resultaat fan de greidefûgelbeskerming de ôfrûne tritich jier? It binne samar twa fragen dy't tongersdei yn in rjochtseal yn Grins foarbykamen.
De provinsje besocht dêr in ferbod op it fangen en deameitsjen fan stienmurden fan tafel te krijen. Animal Rights, de Marterstichting en Fauna4Life hawwe it fangstferbod troch de rjochter tawiisd krigen.
Dat is út foarsoarch. Sa moat foarkaam wurde dat der 'te folle' stienmurden deamakke wurde sa lang harren beswieren net ynhâldlik behannele binne troch de provinsjale kommisje berop en beswier.
De provinsje hat foar fjouwer jier in ûntheffing jûn om hast 430 stienmurden dea te meitsjen, omdat sy greidefûgelnêsten plunderje. Mar de trije bisterjochteorganisaasjes fine dat de provinsje dêrby gjin goed sicht hat op wat dat betsjut foar it yn stân hâlden fan dy soart yn Fryslân. Want ek stienmurden binne beskerme.
Leefomjouwing
Advokaat Petra de Boer fan de bisteorganisaasjes stelt dat de provinsje boppedat net oan har eigen easken foldocht as it giet om it ferbetterjen fan de leefomjouwing fan de greidefûgels.
Pas as dat goed regele is, kinne je achter de stienmurden oan. Yn in oantal gebieten is der bygelyks net of net genôch krûderyk gerslân of binne de gebieten eins te lyts.

Neffens de provinsje kinne je dêr wol motivearre fan ôfwike. Op in fraach fan de rjochter hoefolle macht de provinsje eins hat om in bettere leefomjouwing foar greidefûgels te easkjen fan lâneigeners, kaam in antwurd dat wol dúdlik makke dat de provinsje dêr wetlik sjoen mar hiel beheind wat oan dwaan kin:
Der is wol in feroardering wêrmei't earder besocht is de soarchplicht fan boeren foar greidefûgels stranger te meitsjen, mar dy hat it net helle. Yn stee dêrfan besiket de provinsje mei subsydzjes dêr't betingsten oan ferbûn binne en in hiel soad oerlis mei belanghawwenden ta dy bettere leefomjouwing foar greidefûgels te kommen.
"Ik sliep hjir min fan"
En dy gearwurking wurdt bot fersteurd as de provinsjale ûntheffing foar it deameitsjen fan stienmurden juridysk ûnderút helle wurdt, sa tinkt Robert de Vries fan de Faunabeheereenheid Friesland. Dy is mei ferantwurdlik foar it fangen en deadzjen fan de bisten. De Vries: "Ik sliep hjir min fan op it heden." De rjochter docht ynkoarten útspraak.