Aaien fan greidefûgels komme lang net altyd út, pykjes ha it dreech

In pykje yn it fjild © ANP

It giet noch hieltyd net goed mei de greidefûgel yn Fryslân. En dat wylst der al jierren miljoenen euro's nei it behear gean.

De greidefûgels lizze wol mear aaien, docht bliken út de jiersifers fan 2023, mar dy komme net altyd út. "Jonge piken ha it dreech yn it lân", seit Inge van der Zee fan it Bond Friese Vogelwachten.

"Sy moatte in grut part fan de dei op syk nei iten en dêrtroch binne se ek bot sichtber foar rôfbisten."

Inge van der Zee makket har soargen oer pykjes

Al jierren presintearret in kollektyf fan natuerorganisaasjes en de provinsje jiersifers oer de greidefûgels. Sy hoopje dêrby goed yn kaart te bringen hoe't it no mei de fûgels giet.

Wy moatte soargje dat wy predaasje oanpakke kinne.
Inge van der Zee, Bond Friese Vogelwachten

It giet benammen om de ljip, skries, de strânljip en de tsjirk. De sifers soargje foar in dûbeld gefoel by Van Der Zee. Oan de iene kant is se bliid dat der mear aaien binne, mar tagelyk binne der soargen oer de jonge pykjes.

"Wy moatte soargje dat wy predaasje oanpakke kinne", fynt Van der Zee. Dêrmei hat se it bygelyks oer de stienmurd. Dat oanpakken is lykwols dreech, want it bist wurdt beskerme yn de wet.

"Wy wolle ûndersykje of der mooglikheden binne om dêr op in oare wize mei om te gean. Yn Fryslân ha wy al in bysûndere posysje en meie wy al mear tsjin de stienmurd dwaan, mar wy hoopje dat der mear opsjes binne."

Stappen sette

De natuerorganisaasjes hoopje dan ek dat de provinsje mear foar harren dwaan kin. Der gean al miljoenen euro's nei it behear.

"Wy sjogge dat de earste stap posityf is, no't der mear aaien binne", seit deputearre Matthijs de Vries. "Mar as dy dreech oerlibje, ha wy dêr neat oan."

Deputearre Matthijs de Vries wol sjen nei predaasje

De deputearre hopet dan ek yn de takomst de predaasje oanpakke te kinnen. "Wy moatte sjen nei de wet foar wat der mooglik is, mar der binne ek noch oare oplossingen."

In wiete maitiid helpt bygelyks op meardere manieren. "Oan de iene kant is dat noflik foar de fûgels, want dy ha wetter nedich. Mar dêrneist is it foar de stienmurd just net noflik as der wetter leit, want dy kin dan dreech by de pykjes komme."

Mar ja, fersuchtet de deputearre: "Spitigernôch is dat in part fan de natuer dêr't wy gjin ynfloed op ha."