Omrop Fryslân

Staatsbosbeheer wol ekstra jild foar stroomrasters om greidefûgels te beskermjen

Stroomraster yn de Sweagermieden
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Stroomrasters binne hiel effektyf om benammen rôvers op de grûn te kearen yn greidefûgelgebieten. Dochs liket it gebrûk fan de rasters earder ôf as ta te nimmen, want de ynset fan dy rasters is kostber. Boskwachter Jakob Hanenburg fan Staatsbosbeheer freget om mear jild.
In tsjirk komt omheech, fljocht roppend del en jout oan dat der noch piken sitte, sa begjin july. It spilet him ôf op 'e grins fan in greidefûgelgebiet yn de Sweagermieden mei plas & dras dat dizze maitiid beskerme is mei in saneamd stroomraster.
De fjouwer triedden mei stroom moatte benammen foksen en stienmurden keare, dy't oars aaien, piken of fûgels op in nêst opfrette kinne. De metoade is net nij, mar wurdt noch mar beheind brûkt. Yn guon gebieten binne natuerbehearders der ek mei ophâlden.

"Benammen de foks"

En dat wylst it wol wurket, sa sjocht frijwilliger Hein Vogt ek dizze maitiid wer: "It raster docht syn wurk wol. Wy fernimme benammen dat de foks der net mear yn komme kin. Rôvers út de loft en lytsere bisten, lykas harmelingen en wezelingen, kinst net tsjinhâlde, mar it is aardich goed gien."
Benammen de ljippen, strânljippen en tsjirken ha behoarlik wat piken grut krigen, sa tinkt Vogt. En dat smakket nei mear: "Wy wolle it noch wol wat útwreidzje. Dat der wat mear rasters komme, sadat wy ek alles op de greidefûgels sette kinne."
Mar dat is net sa ienfâldich, wit boskwachter Jakob Hanenburg: "It is hiel yntinsyf yn it behear. Om de stroom derop te hâlden, moatte je der eins hast alle wiken hinne om mei in boskmeaner of wat oars it gers ûnder de triedden wei te meanen. Soks moat geregeld. Oars swakket de stroom ôf en is it net mear effektyf."

"Hiel djoer"

"Wy soene dit hiel graach opskale wolle, mar it giet om in hiel soad wurk en it is ek hiel djoer. Je moatte allegearre materiaal keapje en eins binne de hjoeddeistige fergoedings dêr net op berekkene", seit Hanenburg.
'Ekstra jild nedich foar beskerming greidefûgels'
Yn Fryslân wurdt predaasje troch foksen en stienmurden meastentiids bestriden troch de bisten dea te meitsjen. "Dat kinne je dwaan, mar de praktyk leart ek dat der twa oare foksen út oare streken hjir nei ta rinne as je der ien sjitte", stelt Hanenburg.
"Of je rûgje de foks út en dan nimt de stienmurd it oer. Dy kinne je dan ek opromje en dan nimt de murd it oer. En sa giet it mar troch. Uteinlik heart predaasje ek by de natuer."
De Dümmer See yn Dútslân is in foarbyld fan wêr't de jacht wol effektyf is. "Mar dêr leit wol twatûzen bunder oan oaniensletten poer geskikte greidefûgellân. Wolle wy de greidefûgels rêde yn Fryslân, dan moatte wy dy kant op."

Under wetter

Hanenburg besjocht de kwestje op lânskipsskaal: "Yn it hjoeddeistige lânskip moatte je eins in ea ferdwûn lânskip weromhelje. Dat wie it gebiet dat winterdeis ûnder wetter stie en hielendal net geskikt wie foar foksen, mûzen en mûze-iters. Dat is in hiele oare útgongssituaasje. Dat lânskip is fuort. Wolle wy dy soarten fan it ferdwûne lânskip noch yn stân hâlde, dan moatte wy rigoereuze maatregels nimme."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.