Steatsboskbehear wol foks op ôfstân hâlde mei stroom

Steatsboskbehear is wer begûn mei de pleatsing fan stroomrasters. It doel fan de rasters is om derfoar te soargjen dat der gjin predatoaren, lykas foksen, yn it briedgebiet fan de greidefûgels komme kinne.
Rasters
Neffens boskwachter Gjerryt Hoekstra dogge de roasters fertuten. "De ôfrûne jierren ha we sjoen dat it nêstsúkses binnen de rasters heger is as derbûten."
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
It is foar it tredde jier op rige dat der stroomrasters yn de Sweagermieden, flakby De Westereen, pleatst wurde. Op dy wize moat in gebiet fan 18 bunder beskerme wurde. Ek by Koudum en Warkum binne stroomrasters pleatst. Op de lêste lokaasje is dat dien troch It Fryske Gea.
Ferslachjouwer Bauke Deelstra wie by it pleatsen fan de rasters