Marrumers en boargemaster om tafel oer ûnrêstige âldjiersnacht: "Der is in raar byld oer ús"
Marrumers bale fan hoe't it doarp opnij negatyf yn it nijs komt. Dit jier kaam de ME te plak foar in brânende caravan en waarden fjouwer minsken oanhâlden. Foarich jier barde hast itselfde.
"1500 bewenners wurde mei de grûn lyk makke", seit Ingeborg Hoogsteen fan it bestjoer fan de âld en nij feriening.
De argewaasje is grut yn Marrum nei in ûnrêstige âldjiersnacht yn it doarp. Net perfoarst oer de brân, mar oer de ynset fan de ME en it byld dat sketst wurdt fan it doarp. De ME kaam te plak fanwegen in brân yn in caravan, mar neffens de âldjiersferiening wie dy al in goed oere út doe't de ME'ers te plak kamen.
"Dy ha de hoeke leechfage en fjouwer jongeren mei grof geweld oppakt", fertelt Hoogsteen. "Ik ha de foto's sjoen, dat liicht der net om. Se binne flink slein. Se ha blauwe plakken, guon hiene it bloed by de kop delrinnen."
Bivakmûtsen
Reden foar de oanhâlding soe west wêze dat de jongeren harren gesicht bedekt hiene mei bivakmûtsen. Nei in ynvintarisaasje yn it doarp mei tsjûgen seit Hoogsteen dat de jongeren yn in hinderlaach rûn wêze soene. "Der skine romeo's west te wêzen, dat binne undercoverplysjes, dy ha se opwachte en yn in hoeke dreaun."
Yn oktober siet de feriening tegearre mei de karbidploech en doarpsbelang fan Marrum oan tafel mei de boargemaster oer âld en nij. It ferrint de ôfrûne jierren nammentlik net altyd even soepel. Dêrom wie de ynstek: hoe kin it dan better.
"Al 53 jier wurdt der op de hoeke baarnd. Dat is gjin handige lokaasje, dus wy ha sein: dan moatte wy sjen oft der in alternative lokaasje beskikber is", seit Hoogsteen. "En as der absolút net baarnd wurde kin op de hoeke dan moat de boel ôfset wurde. Dat is úteinlik gebeurd, mar pas nei tolven. Doe stie der al in caravan yn de hens."
Mei gemeente om tafel
It doarp wol dêrom opnij oan tafel mei boargemaster Kramer fan Noardeast-Fryslân: "om de relaasje dy't best wol fersteurd is tusken Marrum en de boargemaster wer goed te krijen", seit Hoogsteen.
Boargemaster Kramer hat befêstige dat der op koarte termyn in petear komt mei de Marrumers: "Wy binne it allegear mei elkoar iens dat we dit sa net wolle."
Wat Hoogsteen noch it meast stekt, is hoe't har doarp bekend is komme te stean. "Ik siet op Facebook en je wurde der raar fan hoe't wy ôfmakke wurde. De jeugd, 1500 bewenners wurde mei de grûn lyk makke. En dan tink ik: jim ha echt in hiel raar byld fan ús."
Se ropt dêrom elkenien op om ris nei Marrum te kommen. "Wy binne in moai doarp mei in ryk ferieningslibben."