Omrop Fryslân

Keunstynstallaasje Curve: geastferromjende tunnel mei lûds- en byldeffekten

De spiraalfoarmige 'Curve'
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
In geheimsinnige spiraal leit der ûnder de útkyktoer oan de seedyk by Marrum. Dêr kinne je trochhinne rinne en dat jout in geastferromjende ûnderfining.
De ynstallaasje Curve bestiet út in opblaasbere, 26 meter lange slurf. Begelaat troch lûden en ritme belibje dielnimmers in bysûndere kuiertocht op de kadâns fan de muzyk.
It keunstwurk is allinnich yn it wykein iepen foar besikers. De iepeningstiden binne op dizze website te sjen.
Dizze begeanbere skulptuer hjit folút: Baken Marrum/Vlieland: Curve. Betinkers binne keunstner Cocky Eek en teätermakker Boukje Schweigman.
Betinker Cocky Eek stapt út de spiraal
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De skulptuer heart by Hi-Lo. Dat is in byldzjende keunstinisjatyf, dat sûnt 2022 oansprekkende projekten opset yn it Waadgebiet.

Bertekanaal

Dat je by de ferskillende oergongen yn de Curve it idee hawwe dat je troch in bertekanaal hinne gean, is net sa fier socht, fynt Eek. "Het is praktisch bedacht, want het is een opblaasbaar kunstwerk. En ja, hoe maak je daar een deur in? Wij noemen hem zelf het 'vageintje'."
Oan de seedyk by Marrum leit in geheimsinnige spiraal
De dûzeljende tunnel fan Curve bestiet al sûnt 2015 en wie op ferskillende lokaasjes te besjen. Omdat dy lokaasjes in grutte rol spylje by de belibbing, is it alle kearen wer nij. Foar dizze ferzje hat Machinefabriek (pseudonym fan Rutger Zuydervelt) in nije lûdskomposysje makke.
De besiker rint de tocht allinnich en ûndergiet in reis sûnder fisuele hâldfêst. "Het is een werk waarin je niet je hoofd gebruikt", seit betinker Cocky Eek. "Maar waarin je wandelpas op een gegeven moment gaat samenwerken met de omgeving."
De Curve fan de binnenkant
"Het is best een intense ervaring", seit Sacha Bronwasser fan Hi-Lo, neidat se de Curve rûn hat. "Het laat zich moeilijk in woorden vatten. Eerst denk je: nou ja, ik loop hier. Maar je raakt heel snel je gevoel voor tijd en richting kwijt. Je lost een beetje op."
In stikje fan de tunnel fan Curve binnenyn
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Foar Hi-Lo Art is it yntusken it fyfde projekt oan de Waadseekust dat se Bakens neame. Earder dienen se bygelyks Baken Afsluitdijk, mei seis lûdswurken as in oade oan de Ofslútdyk en dy't mei in app op lokaasje te hearren wienen.
En Transmission oer in ûndergrûns netwurk fan planten en skimmeltrieden, ferbylde mei auto-ûnderdielen. Dat wie te sjen op Oerol en by Het Lage Noorden, de keunstwerf by Marrum, dêr't no ek Curve te belibjen is.
Sacha Bronwasser fan Hi-Lo oer de keunstynstallaasje
De Bakens binne tydlik, leit Bronwasser út. "Het kunstwerk concentreert je aandacht op dat punt en op wat het kunstwerk je wil vertellen. En na afloop is het ook weer weg."
Baken Marrum/Vlieland: Curve is by Het Lage Noorden fan 22 juny oant en mei 24 augustus. Dêrnei is it fan 29 augustus oant en mei 1 septimber op Flylân by it festival Into the Great Wide Open.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.