Keunstwurk fan motorkappen: grutte acht moat Riedhúsplein yn Drachten opfleurje

Keunstwurk Acht
De twa helten fan it keunstwurk moatte noch op elkoar set wurde © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
It wurdt acht meter achtentachtich heech en it bestiet út sa'n twahûndert motorkappen; in keunstwurk yn de foarm fan in acht komt fan dizze moanne ôf op it Riedhúsplein yn Drachten te stean.
Bouwers lizze de lêste hân oan it wurk yn brûsplak It Sluisfabryk oan de Tussendiepen yn Drachten. It wurdt in ferwizing nei it wurk fan de dadaïstyske keunstner Kurt Schwitters dy't mear as hûndert jier lyn mei in optreden yn it doarp betsjutting joech oan it getal 8.
Dadaïsme wie in streaming yn de keunst oan it begjin fan de foarige iuw en in reaksje op de Earste Wrâldoarloch. Mei de gaos en brokstikken fan de fernielde wrâld waarden op absurdistyske wize wurken, literatuer en klankgedichten yn elkoar set. Nihilistysk en tsjin de logika en estetyk fan de kapitalistyske maatskippij yn, en mear útgeand fan bygelyks yntuysje.
Nammen fan keunstners dy't dwaande wienen mei dada, binne ûnder oaren Theo van Doesburg, Marcel Duchamp, Man Ray, Hans Richter en dus Kurt Schwitters.
De skulptuer wurdt in acht en it komt yn in perkje yn de foarm fan in acht. Sette je dêr in W foar, dan krijst 'wachten' en mei Dr derfoar, krijst 'Drachten', leit keunstner Marten Winters út.
"Dat is basearre op it gedicht Wij W88888888 fan Kurt Schwitters. It museum Dr8888 wurdt ek op dy wize skreaun. It is eins hiel Drachtsters wurden om it sifer 8 yn te setten as de klank 'acht'."
Keunstwurk Acht
Artist Impression fan it keunstwurk © Marten Winters
Museum Dr8888 hie ferline jier in grutte tentoanstelling oer Schwitters en besibbe keunstners. Dêr wie Winters ek by belutsen en doe ûntstie it idee foar dit wurk. "Ik haw dêr doe in romte boud yn de sfear fan Schwitters", fertelt Winters. "It is in eigentiidske ynterpretaasje. En dit wurk is dêr wer in ferfolch op."

Knypeach nei parkearplak

It plan wie om mei restmateriaal wurk te meitsjen. Dat dienen dadaïsten ek. Schwitters boude yn syn eigen hûs romten fan rommel. Winters en de makkers keazen foar motorkappen. "Dit wurk komt op it Riedhúsplein en dat wie altyd in parkearplak. De auto's binne der no wei. It is eins in knypeach nei de tiid dat it noch in parkearplak wie."
Dada
Dadaïstysk wurk fan Winters yn Museum Dr8888 © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Foar de feilichheid hat in yngenieursburo berekkeningen makke foar it grutte keunstwurk. "Dat kan ook niet anders", seit technysk produsint Daan Soer, wylst hy drok oan it laskjen is oan it framewurk en de motorkappen.
"Als je een vergunning aanvraagt voor een dergelijk object, dan moet dat gegrond en doorberekend zijn. Ook bij veranderingen komen ze kijken, zodat alles afgedekt is. En dat het, op het moment dat het staat, ook tegen windkracht acht kan."
Keunstwurk fan motorkappen
Jantine de Keijzer is meubelûntwerper mei har eigen bedriuw yn de Slûsfabryk. Ek sy is drok dwaande mei it laskapparaat. De gearwurking tusken ferskillende keunstners en fakminsken yn it brûsplak is hiel logysk, fine se.
Keunst is wol wat oars as meubels. De grutste útdaging is it formaat fan it keunstwurk, seit De Keijzer. "Het is hartstikke groot en er moet nog wel eens wat gedraaid worden. Dat moet goed en veilig gebeuren." En de lasken moatte hiel sterk wêze. "Je moet er goeie kanten aan slijpen, zodat je een flinke inbranding krijgt."
Fierder krije de trije noch help fan Semen Akinzhaly út Oekraïne. Hy is fan hûs út timmerman.
Keunstwurk Acht
Plak op it Riedhúsplein dêr't it wurk komme sil © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De bedoeling is dat it wurk dizze moanne noch pleatst wurdt op it Riedhúsplein yn Drachten.