Liveblog | 1 jannewaris 2025

Fiif oanhâldingen nei ynset ME yn âldjiersnacht | Mear fjoerwurkslachtoffers as jier lyn

Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynfo. In melding krije by in nij berjocht? Klik dan op it beltsje hjirboppen.

Lêst bywurke: 1 jannewaris 2025, 22:00
woansdei 1 jannewaris 2025
22:00

Auto rekket fan de dyk by knooppunt Hearrenfean

De auto is troch in berger fuortsleept
© NoorderNieuws
Ien fan de lussen fan it klaverblêd by Hearrenfean hat koarte tiid ticht west, omdat der in auto fan de dyk rekke wie. De auto is oer de fangrail sketten, hat in ferkearsboerd rekke en is healweis it talúd ta stilstân kaam.
De bestjoerder is neisjoen troch minsken fan de ambulânse mar hoegde net mei nei it sikehûs. De dyk is yntusken wer frijjûn.
20:23

Meardere auto's skansearre troch beam op ôfrit A6

De brânwacht hellet de beam fan de dyk
© NoorderNieuws
Troch in omfallen beam op in ôfrit fan de A6 by De Lemmer binne meardere auto's skansearre rekke. De beam wie foar in part op de dyk telâne kaam.
Autobestjoerders dy't dit te let seagen, botsten tsjin de útstekkende tûken oan. De brânwacht hat de beam fan de dyk helle.
16:57

Man (42) slim ferwûne nei mishanneling yn Ljouwert

De Voorstreek yn Ljouwert (âlde foto)
© Omrop Fryslân, Alle Faber
De plysje is op syk nei tsjûgen fan in swiere mishanneling op de Voorstreek yn Ljouwert. In 42-jierrige man is dêrby slim ferwûne rekke. Fjouwer minsken binne oanholden.
Neffens de plysje moat ûndersyk útwize oft se by de mishanneling belutsen wiene.
De mishanneling wie op nijjiersdei om seis oere moarns hinne. Neffens de plysje wiene der doe meardere minsken op strjitte. Minsken dy't mear witte, wurde oproppen om kontakt op te nimmen mei de plysje.
13:37

Supermerkboerd driget te fallen

It logo fan in supermerk yn Snits drige te fallen
© BTBmedia
It úthingboerd fan de Lidl yn Snits is troch de hurde wyn loskaam. Om foar te kommen dat it falle soe, hat de brânwacht it boerd mei spanbannen fêstset.
It parkearplak fan de supermerk hat dêrom in skoft ôfsletten west.
13:21

A31 by Dronryp ticht

De brânwacht rêdt de beam op
© SrFotografie
De A31 by Dronryp is op it stuit ticht om't der in beam op de dyk fallen is as gefolch fan de hurde wyn. De brânwacht rêdt de beam op.
It ferkear yn de rjochting fan Ljouwert moat by Dronryp de dyk ôf en omride. Wannear't de dyk wer iepen is, is noch net dúdlik.
10:51

Feilichheidsregio: 'Behearskbere jierwiksel'

Veiligheidsregio Fryslân sprekt fan in 'behearskbere jierwiksel'. De brânwacht waard tusken âldjiersdei 0.00 oere en nijjiersmoarn 8.00 oere sa'n hûndert kear alarmearre foar ferskate ynsidinten. It gie om relatyf lytse brannen en twa middelbrannen.
"Onze teams zijn de hele nacht en de dag ervoor volop in touw geweest om meldingen en incidenten snel op te lossen", seit direkteur Wim Kleinhuis fan Veiligheidsregio Fryslân. Yn it grutste part fan de provinsje ferrûn de jierwiksel neffens him yn goeie sfear.
"Maar het blijft natuurlijk bijzonder dat de brandweer honderd keer moet uitrukken tijdens een jaarwisseling die feestelijk hoort te verlopen. Ik vind het ook jammer dat er bij twee situaties ME nodig was om de situatie weer beheersbaar te krijgen", seit Kleinhuis, ferwizend nei de ME-ynset yn Sint Anne en Marrum.