Liveblog
|
1 jannewaris 2025
Boat útbaarnd yn Eastermar | Koade giel fan 01.00 oere ôf foar hiel Fryslân
Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynfo. In melding krije by in nij berjocht? Klik dan op it beltsje hjirboppen.
Lêst bywurke: 1 jannewaris 2025, 00:17
00:17
22:57
Tekstylkontener yn Raerd yn 'e brân
Yn Raerd is ek in tekstylkontener doelwit wurden fan brânstichting. Omstanners ûntdutsen de brân yn de kontener, dy't deun njonken in gebou stiet. Der kaam reek út en de kontener wie gleonhjit.
De brânwacht fan Mantgum is fluch útriden om it fjoer út te meitsjen. De kontener is fol wetter set.
22:22
Boat mei autobannen ferdwynt troch brân yn Eastermar
Oan de Boswei yn Eastermar is in boat mei autobannen as snie foar de sinne ferdwûn. Om 21.30 oere hinne waard der brân ûntdutsen op de boat.
De brânwachtploech fan Droegeham ried út, mar der wie net folle mear te rêden. Wat him der krekt ôfspile hat, is noch net bekend makke. De Boswei wie in skoftke ticht.
22:18
Wiet pak foar kleankontener yn Dronryp
Oan De Terp yn Dronryp kaam reek út in kleankontener ûnder de grûn. De brânwacht fan Menaam is útriden foar de melding en hat de kontener fol wetter spuite.
22:06
Koade giel jildt fan 01.00 oere ek foar it Fryske fêstelân
Dat koade giel fan krêft wie yn it Waadgebiet, wie al bekend. Mar de warskôging jildt fan 01.00 oere ôf ek foar de folsleine provinsje Fryslân. It KNMI hat de warskôging ôfkundige yn ferbân mei de hurde wyn. Koade giel jildt ek yn Grinslân, Flevolân en Noard- en Súd-Hollân.
Der kinne wynstjitten fan 75-90 km/oere foarkomme. Oan de kust sels oant 100 km/oere. Fanwege dy wyn farre der op nijjiersdei minder fearboaten op de Waadsee. Tusken Harns en Skylge binne twa ôffearten skrast, en datselde jildt tusken Lauwerseach en Skiermûntseach.
Foar it Waadgebiet jildt koade giel oant nijjiersdei 15.00 oere en foar it fêstelân oant 17.00 oere.
21:50
Oanhinger yn Arum yn 'e brân
De brânwacht fan Wytmarsum is nei Arum ta riden, dêr't oan de Sytzamawei in oanhinger yn 'e brân stie. De brânwacht hat de dyk tydlik ôfsletten foar it ferkear en it fjoer útmakke.