Boargemaster Noardeast baalt: "Hie ferkeard ôfrinne kind yn Marrum"

Boargemaster Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân
Boargemaster Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân © Omrop Fryslân
"Dit hat neat mei it fieren fan it feest fan âld en nij mear te krijen." Boargemaster Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân hat mingde gefoelens nei ferskate ynsidinten yn syn gemeente.
Yn de nacht fan 30 op 31 desimber waard de ME bygelyks al ynset yn Ferwert, dêr't de plysje mei fjoerwurk bekûgele waard troch in groep fan sa'n 40 minsken. By dy ûngeregeldheden yn Ferwert hat in plysje skea oan it gehoar oprûn. In plysje-auto rekke skansearre. Der binne noch gjin minsken oanholden.
It hie ferkeard ôfrinne kind as dy caravan yn it krappe sintrum fan Marrum yn 'e brân gien wie.
Boargemaster Johannes Kramer
Ofrûne nacht wie de ME ek yn it sintrum fan Marrum. Kramer baalt fan dy ynsidinten. Yn Marrum hie it noch folle slimmer kind, fertelt de boargemaster.
In caravan fan seis meter lang, fol mei autobannen, hout, benzine en oar guod dat goed brâne wol, waard ûnderskept. "In boppeslach dat we dy op tiid op it each hiene. It hie ferkeard ôfrinne kind as dy caravan yn it krappe sintrum fan Marrum yn 'e brân gien wie."
ME yn Marrum
ME yn Marrum © CAMJO media
Kramer seit dat er graach romte jaan wol oan tradysjes dy't neffens him by âld en nij hearre. "Mar wy stelle wol grinzen. It moat feilich bliuwe. Brannen op krúspunten binne dêrom net okee. Helptsjinsten moatte der del kinne en omwenjenden moatte gjin gefaar rinne."
Fierder is Kramer foar it grutste part posityf. Yn oanrin nei it wykein is neffens him al brânber materiaal opspoard en fuorthelle. "Mei tank oan tips fan ynwenners. Dêr bin ik wiis mei."
Der komt noch in evaluaasje mei de organisatoaren fan de eveneminten troch de gemeente hinne, lykas it karbidsjitten. "Mar wat ik oant no ta heard ha, is posityf. Moai dat dit soarte feestjes der binne."