Liveblog | 1 jannewaris

ME ynset by opskuor yn Marrum en Tsjummearum | Elslo hat boerd fan âldste kafee yn Nederlân

Wolkom yn dit liveblog. Hjir hâlde we dy op 'e hichte fan it nijs oer de jierwikseling yn Fryslân:

  • De ME is ynset by ûngeregeldheden yn Tsjummearum en Marrum;
  • In plysjeman hat gehoarskea oprûn by in ME-ynset yn Ferwert;
  • Yn Dronryp is in jonge (9) slim ferwûne rekke by in ûngelok mei in fjoerkoer;
  • Yn Drachten hat de plysje mear as 500 kilo yllegaal fjoerwurk oantroffen;
  • Op meardere plakken yn de provinsje komt de brânwacht yn aksje.
Lêst bywurke: 1 jannewaris, 06:20
moandei 1 jannewaris
06:20

Nij liveblog

Oant safier it nijs fan de âldjiersnacht yn Fryslân. We geane fierder yn in nij liveblog, mei al it nijs fan dizze nijjiersdei.
05:24

ME ek yn aksje yn Marrum

Ek ME yn Marrum
De ME is yn aksje kaam yn Marrum. In groep jongeren hie brânstichte op strjitte en it ferkear koe der net mear del. De brânwacht en de plysje koenen harren wurk net dwaan en ha de help ynroppen fan de mobile ienheid. Dy hold de jongerein op ôfstân. Dêrnei koe de brânwacht it fjoer útmeitsje.
Omwenners hiene lêst fan de reek dy't ûntstie troch de brân en op de dyk leinen allegearre blikjes bier en fleskes. De gemeente hat de smeulende resten fan de brân fuorthelle.
ME yn Marrum
ME yn Marrum © CAMJO media
05:21

Alde wals fan Ferwerderadiel dûkt op yn Hallum

De âlde wals fan de gemeente Ferwerderadiel
De âlde wals fan de eardere gemeente Ferwerderadiel © Sjouke Havinga
De âlde wals fan de eardere gemeente Ferwerderadiel is opdûkt by de nije rotonde fan Hallum. De âldjiersstunt is útfierd troch karbidklup 't Laffe Klapke en de Bjusterbaarlike Klaai Kluten.
Dy hienen de wals 23 jier lyn ek alris liend, mei in berop op de provinsje om de gefaarlike krusing fan de N357 mei de Doniaweg te ferfangen troch in rotonde. Dat barde dit jier lang om let en yn novimber is de rotonde yn gebrûk naam.
03:51

ME ynset by opskuor yn Tsjummearum

ME ynset by opskuor yn Tsjummearum
Yn Tsjummearum is de ME ynset by ûngeregeldheden yn it doarp. Op de trochgeande dyk N393 wie in barrikade makke en yn 'e brân stutsen.
Doe't de mobile ienheid yngriep, waard dy mei fjoerwurk en oar guod bestookt.
De brânwacht fan Frjentsjer hat it fjoer útmakke en de barrikade is fuorthelle. It is net dúdlik oft der fertochten oanhâlden binne.
brânwacht Tsjummearum
De brânwacht moast yn aksje komme om it fjoer út te meitsjen © CAMJO media
03:29

2024 moat in nije start wurde foar Hester Bouwman

2024 moat in nije start wurde foar Hester Bouwman
Hester Bouwman fan Raerd sil 2023 net gau wer ferjitte. Se hat yn it doarp in hynderopfang, mar se drige dy kwyt te reitsjen troch problemen mei fergunningen. Yntusken binne de kontakten mei de gemeente Súdwest-Fryslân wer goed en is de fergunnings-oanfraach de doar út. Bouwman sjocht dan ek posityf nei 2024.
02:58

Snitser rekket ferwûne troch fjoerwurk

Neffens de plysje is in ynwenner fan Snits ferwûne rekke troch fjoerwurk. It slachtoffer is mei ferwûningen oan it gesicht nei it sikehûs brocht.