Liveblog | 1 jannewaris

Seis oanhâldingen yn âldjiersnacht | Meksikanen by nijjiersdûk yn Harns

Wolkom yn dit liveblog. Hjir hâlde we dy op 'e hichte fan it nijs oer nijjiersdei yn Fryslân.

Lêst bywurke: 1 jannewaris, 17:32
17:32

Skea by MFC Burdaard

It multyfunksjoneel sintrum yn Burdaard is mei skea oan it nije jier begûn. By in ynspeksjeronde hjoed binne der ferskate stikkene ruten ûntdutsen, meldt RTV NOF.
Op Facebook dogge de minsken achter it MFC in oprop oan de dieders om har te melden, want se binne net fersekere tsjin fandalisme.
Foar skea oan de foarkant fan it gebou hat in dieder him al meld, dat gong om in ûngelokje mei in fyts. Oare skea komt nei alle gedachten fan karbidsjitterij.
16:21

Meksikanen by nijjiersdûk yn Harns

In seleksje fan de nijjiersdûken yn Fryslân
15:56

Balâns sykje yn Warkum

Yn Warkum wie it gjin reguliere nijjiersdûk, dêr dogge se alle jierren wat oars. Dit jier koenen de dielnimmers oer 'iisskotsen' rinne by de iisbaan.
15:35

Drokte by de nijjiersdûk yn de Prinsetún

Op tsientallen lokaasjes yn Fryslân binne grutte groepen minsken it wetter yn gien foar in frisse nijjiersdûk. Yn Ljouwert sprongen sa'n hûndert minsken it wetter yn by de Prinsetún.
14:47

Seis oanhâldingen yn Fryslân

De plysje hat yn Fryslân ôfrûne nacht seis minsken oanholden. Grutte ûngeregeldheden binne útbleaun, meldt de plysje.
14:07

Spaceshuttle dûkt op yn Haskerhoarne

Spaceshuttle Haskerhoarne
Nijjiersstunt: Spaceshuttle dûkt op yn Haskerhoarne © ProNews Producties
De ikoanyske 'spaceshuttle' fan de Zwarte Cross dûkt op Haskerhoarne. De pleatslike geitefok De Witte Sik hat it romtereau stikem meinaam út Nijlemmer wei, mei it each op de nije ynrjochting fan Haskerhoarne. Dy is no noch net klear. De wei soe sels nochris in kear iepen moatte en dan soe in spaceshuttle ek noch in mooglikheid wêze fan ferfier.
De âldjiersferiening hat de spaceshuttle mei in heechwurker ophelle. In rútsje yntikje wie genôch om deryn te kinnen. Fansels wurdt de skea wer makke.