Plysje: 'ME-ynset wie needsaaklik, want plysje en brânwacht waarden bekûgele mei fjoerwurk'

Plysjewurdfierder Anne Kok
Plysjewurdfierder Anne Kok © Omrop Fryslân
De ME is âldjiersnacht in pear kear útriden omdat plysje en branwacht bekûgele waarden mei fjoerwurk. Der binne gjin sjarzjes útfierd, seit plysjewurdfierder Anne Kok, mar needsaaklik wie it wol dat de ME der wie.
Neffens Kok hat der gjin sprake west fan grutte opskuor, Der wiene meardere brannen, fjoerwurkoerlêst en fernielings.
De brânwacht wie oanwêzich yn Marrum, Tsjummearum, Ferwert en Kollumersweach. om in brantsje út te meitsjen. Kok: "Dan zijn er altijd mensen die het nodig vinden om vuurwerk te gooien. Dat kan verstrekkende gevolgen hebben."

ME soarget foar feilige wurkomstannichheden

De ME soarge derfoar dat brânwacht en plysje harren wurk yn in feilige omjouwing dwaan koene. Se hâlden omstanners op ôfstân. Yn Ferwert waard fjoerwurk op in brântsje op strjitte smiten.
Oer it foarfal fan de gehoarskea fan in plysje kin de wurdfierder gjin neiere meidielings dwaan omreden fan de privacy. It seit wol watfoar ynfloed fjoerwurksmiterij nei helpferlieners hawwe kin. Dat kin foar in persoan fiergeande gefolgen hawwe.