Omrop Fryslân

Haven Harns krijt tûke kamera’s en strangere befeiliging: "Het is een kwestie van moeten"

De haven fan Harns
© Omroep Zilt, Lennard Geerts
De haven fan Harns krijt in wiidweidich netwurk fan tûke kamera's om drugssmokkel en oare kriminele aktiviteiten better opspoare te kinnen. It systeem wurdt keppele oan in sintrum fan de dûane yn Rotterdam, dêr't se live de bylden analysearje.
"Het doel is om verdachte activiteiten snel te signaleren en direct in te grijpen", seit in wurdfierder fan de dûane. As it nedich is, kinne de plysje, maresjaussee of dûane rapper ynskeakele wurde.
It kameranetwurk moat ek tsjinje as previntive maatregel: de sichtberheid fan de kamera's moat eventuele kriminelen ôfskrikke.
Fierder wurdt deroer neitocht om by de tagongsdiken nei de haven ta mear kamera's te pleatsen dy't kentekens werkenne kinne. Op it stuit steane der fiif fan sokke kamera's yn en krekt bûten Harns.
Konteners yn de haven fan Harns
© Omroep Zilt, Richard de Boer
Kamera's fan bedriuwen yn de haven wurde foarearst net meinaam yn it netwurk. Se wurde wol yn kaart brocht, seit Marjolein Hogeveen fan de gemeente Harns, sadat se mooglik letter noch keppele wurde kinne.
De útwreiding fan it kameratafersjoch yn Harns wurdt betelle troch it RIEC Noord-Nederland, in gearwurkingsferbân tsjin organisearre kriminaliteit.
Harns soe sa de earste haven yn Noard-Nederlân wurde kinne dy't kamera's útlêze lit troch it taktysk ynformaasjesintrum fan de lanlike dûane. Op dit stuit gebeurt dat al foar it havengebiet fan Rotterdam. En omdat der al in soad kamera's yn Harns steane, is it relatyf ienfâldich om it dêr ek te organisearjen.

Ferplichte maatregels

Njonken de ynset fan de tûke kamera's moat de befeiliging fan iepenbiere kaden en wachtlokaasjes yn de haven ferbettere wurde. Dat is it boadskip fan de Inspectie Leefomgeving en Transport (ILT), dat konkludearre dat de befeiliging op guon plakken tekoartsjit.
"Door het bericht van de inspectie is dat nu niet meer vrijblijvend. Het is een kwestie van moeten", seit Hogeveen.
De haven fan Harns
© Omrop Fryslân, Lennard Geerts
De gemeente Harns moat dêrom permaninte befeiligingsmaatregels treffe, benammen op plakken dêr't grutte skippen oanmarje of wachtsje. De plannen wurde útfierd yn gearwurking mei it havenbedriuw en feilichheidssaakkundigen.

Net de hiele haven op slot

Undernimmers dy't direkt te krijen ha mei de maatregels, wurde belutsen by de plannen. "We moeten kijken hoe we de beveiliging kunnen verbeteren zonder de hele haven op slot te gooien", seit Hogeveen.
"De haven is ook een plek waar Harlingers graag wandelen en waar bedrijven overdag een winkelfunctie hebben. Het is verweven met de samenleving en het toerisme. Je kunt niet zomaar overal een hek plaatsen."
Oant no ta binne yn de haven fan Harns gjin grutte drugsfynsten dien, mar ynsidinten sa as de fynst fan 54 kilo kokaïne op de strannen fan de Waadeilannen earder dizze moanne jouwe oan dat de regio mooglik ûnderdiel is fan smokkelrûtes.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.