Dûkende drugssmokkelers binne foar boargemaster fan Harns in wake-upcall

Boargemaster Ina Sjerps Harns
Boargemaster Ina Sjerps fan Harns © Omroep Zilt, Lennard Geerts
Plysje, justysje, it Iepenbier Ministearje en de resjerzje soenen de fertochte situaasje ôfrûne moandei yn de haven fan Harns sjen moatte as in 'wake-upcall'. Dat seit boargemaster Ina Sjerps fan Harns. Op kamerabylden waarden in persoan mei in dûkpak en minsken mei in pakket sinjalearre.
Ofrûne moandei gie tusken 21.00 en 22.00 oere in dûker yn de Nieuwe Vissershaven it wetter it yn. Dêrnei rûn in oar fuort mei in pakket. It is allegearre op kamerabylden te sjen, dy't oan de plysje toand binne.
Letter fine de opspoaringstsjinsten in spesjale ûnderwetterscooter. Ek binne op bylden twa oare persoanen te sjen dy't de ûnderwetterscooter rjochting it wetter drage. Trije persoanen ferdwine yn in donkere auto.
Dûkende drugssmokkelers binne foar boargemaster fan Harns in wake-upcall
De boargemaster fan Harns hie earder al warskôge foar it ferskowen fan drugskriminaliteit fan de havens fan Rotterdam en Vlissingen nei dy fan Harns.
"Je zult niet snel de hoeveelheden die ze in Rotterdam vinden, in Harlingen kunnen vinden. Dat zijn echt idioot grote stapels. Maar kleinere pakketten kunnen ook heel veel geld opleveren", sa seit de boargemaster yn in reaksje.

Tsjûgen socht

De plysje nimt de saak heech op. Se dogge ûndersyk nei de 'mogelijk drugsgerelateerde zaak'. Se binne op syk nei tsjûgen of minsken dy't bylden ha fan in dashcam of kameradoarbel.
Wêr't de ûnderwetterscooter krekt fûn is, wol de plysje net sizze.
Kontrôle yn de haven fan Harns fan de maresjaussee
Kontrôle yn de haven fan Harns fan de maresjaussee © CAMJO Media
De boargemaster wol benammen dat der skerper tafersjoch komt. "Drugscriminaliteit is een hele nare, hele harde en gemene vorm van criminaliteit. Het ondermijnt de samenleving", fertelt Sjerps.
"Het corrumpeert onze jeugd met goedkope drugs, waardoor onze kinderen verslaafd raken. Daar willen we ons tegen weren."
Der is dêrom aksje nedich fan ynstânsjes lykas de plysje, fynt de boargemaster.
We willen niet dat onze haven een plek wordt waar criminelen vrij spel hebben.
Boargemaster Ina Sjerps fan Harns
"We hebben niet alleen politie, maar ook recherche, justitie en de rechterlijke macht nodig om dit probleem op te lossen", jout Sjerps oan. "We hopen dat dit een wake-upcall is voor de handhavende instanties."
Ek wol se sjen nei previnsje. "We willen niet dat onze haven een plek wordt waar criminelen vrij spel hebben."