Brok: Fryslân wie 'te nayf' yn oanpak organisearre kriminaliteit

It Ryk stelt fjouwer ton beskikber foar de oanpak fan ûndermining yn Fryslân. Dat is foar it earst. "Fryslân hat te lang nayf west", seit kommissaris fan de kening Arno Brok.
It jild moat organisearre kriminaliteit tsjingean. Dat giet ûnder mear oer: it misbrûken fan subsydzjes en fergunningen, drugslaboratoaria op it plattelân en bedriging fan politike amtners.
"Der binne altyd minsken dy't ree binne aktiviteiten te ûndernimmen dy't net goed binne foar de mienskip", seit Brok.
Wach wêze
"Dy minsken wolle in maatskippij njonken de rjochtssteat dy't wy kinne. Dy wolle ek nochris jild fertsjinje oer de rêch fan oare minsken. Dêr moatte wy wach foar wêze en kritysk yn bliuwe."
Mei it jild wurde ICT-systemen fan gemeenten test, amtners traind en ûndermynjende aktiviteiten op fakânsjeparken yn Fryslân yn kaart brocht. "Ik tink dat wy yn it ferline wolris te min omtinken hiene foar ûndermining. Ik bin bliid dat it ryksregear no jild beskikber steld hat om ûndermining stevich op de aginda te setten."
Suden fan it lân
Spesjaal omtinken yn de plannen is foar fakânsjeparken, plakken dêr't relatyf in soad yllegale aktiviteiten plakhawwe: "Yn it ferline hat al bliken dien dat yn oare plakken yn it lân op in fakânjsepark ek wolris dingen plakhawwe dy't neat te krijen hawwe mei lekker yn it túntsje sitte yn de sinne."
Brok jout oan dat oare provinsjes, benammen yn it suden fan it lân, fierder binne dit soarte aktiviteiten tsjin te gean. "Wy moatte us bewust wêze dat ûndermynjende aktiviteiten net stopje by de grins fan Fryslân."