Fryslân wol skerper wêze op ûndermining: "It omtinken is hjir noch smel"

De plysje docht ûndersyk yn in bedriuwspân
De plysje docht ûndersyk yn in bedriuwspân © ANP
De provinsje Fryslân wol mear omtinken foar ûndermynjende kriminaliteit. It risiko op bygelyks wytwaskjen nimt ek yn Fryslân hieltyd mear ta. Dus moat de polityk dêr better op taret wurde.
It lêste jier wurdt der hieltyd mear oandacht bestege oan dizze foarm fan kriminaliteit. Sa hawwe der kursussen west foar amtners en ûndernimmers om fertochte situaasjes better op te merken.
"Wy binne beskermers fan de publike saak", seit kommissaris fan de Kening Arno Brok. "Der leit in soad foech by gemeenten, by de boargemasters. Mar de ministers ha de kommissarissen frege om dit ek skerp te hâlden as se op besite binne by gemeenten en dit punt te bepraten."
Kommissaris fan de Kening Arno Brok
Kommissaris fan de Kening Arno Brok © Hoge Noorden / Jacob van Essen
De provinsje kin ek in rol spylje yn de oanpak fan fertochte situaasjes. "De provinsje is fergunningferliener op it mêd fan miljeu, grûntransaksjes, oankeapen, mar ek it jaan fan subsydzje", ljochtet Brok ta.
De kommissaris fynt dat de provinsje bewust wêze moat hoe't it hannelet mei publyk jild: "Der binne fansels ek minsken aktyf dy't net altyd mei goede bedoelingen dwaande binne."
It polityk-bestjoerlike omtinken is noch smel yn Fryslân.
Kommissaris fan de Kening Arno Brok
De provinsje sil ek mear ynvestearje yn de eigen organisaasje, fertelt Brok. "It wurdt mear bepraat, der wurdt mear kontrôle útoefene."
"Wy sette ek mear as yn it ferline it ynstrumintarium fan de Bibob yn, it ynstrumint om te toetsen oft ûndernimmers wol mei goede saken dwaande binne. By it oanfreegjen fan in fergunning bygelyks."

'Waterbedeffect'

Ferskate organisaasjes warskôgje foar it 'waterbedeffect'. Omdat yn Noard-Brabân, Limboarch en de haven fan Rotterdam ûnderminende kriminaliteit hurder oanpakt wurdt, ferpleatse kriminelen harren nei oare provinsjes.
Neffens Brok is de provinsje dêr alert op, mar soe der noch mear omtinken foar wêze moatte.
"As ik sjoch wat it polityk-bestjoerlike omtinken foar ûndermining is yn Limboarch, Gelderlân en Brabân en hoe smel dat noch by ús yn Fryslân is, dan is dat út lykwicht. Ekstra reden om dit mear op de aginda te setten."