Omrop Fryslân

Pakketten op Waadeilannen sieten fol mei drugs: 4 miljoen euro oan kokaïne

De plysje op Skylge
© Omrop Frysân, Lennard Geerts
Yn de pakketten dy't ôfrûne wykein fûn waarden oan de kust fan ûnder oare Flylân, Skylge en It Amelân, siet yn totaal 54 kilo kokaïne. Mei-elkoar hiene de drugs in strjitwearde fan 4 miljoen euro.
Dat meldt de dûane, dy't de drugs ferneatige hat. It is noch net bekend hoe't de pakketten yn de Noardsee terjochte kamen.
Sneon waard bekend dat der pakketten oanspield wienen op Flylân en It Amelân. Yntusken is bekend dat ek oan de kust fan Skylge en Teksel pakketten oanspield binne.
De plysje ropt minsken op dy't in pakket fine, om dat net iepen te meitsjen of mei te nimmen. Se moatte 112 belje. In wurdfierder fan de plysje slút net út dat der noch mear pakketten oantroffen wurde sille, en seit dat de plysje ek op de oare Waadeilannen ekstra alert is.

Ek op oare plakken

Yn novimber waarden ek al pakketten mei drugs fûn yn Scheveningen en lâns de kust by de Súd-Hollânske plakken Ouddorp, Rockanje en Oostvoorne.
De plysje ûndersiket oft dizze saken mei mekoar te krijen ha. In protte wol de wurdfierder fan de plysje dêr net oer kwyt, "in het belang van het onderzoek".

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.