Underwetterscooter yn Harns: it nije boartersguod fan kriminelen?

René Groot mei in ûnderwetterscooter
René Groot mei in ûnderwetterscooter © Omrop Fryslân
Troch in ûnderwetterscooter te brûken wist in persoan koartlyn in pakket út de haven fan Harns fuort te krijen. De plysje tinkt oan drugskriminaliteit. Binne ûnderwetterscooters it nije boartersguod fan kriminelen? En hoe sjocht sa'n apparaat derút?
"Zo'n waterscooter is handig als je snel ergens in en uit wil en je je niet het leplazarus wilt zwemmen", seit René Groot, dy't op De Lemmer in saak hat yn dûkersguod en apparatuer foar ûnderwetterwurk. Foardat hy syn eigen saak begûn, wurke hy jierren as dûker.
Syn saak stiet fol mei poppen yn dûkerspak, mei grutte helmen op en flessen op de rêge. Eksimplaren fan hjoed-de-dei, mar ek út 1920 of de Twadde Wrâldoarloch. Dêrnjonken lizze in pear ûnderwetterscooters.
"Onder water is het een soort torpedo", seit Groot. In dûker hâldt sa'n apparaat mei de hannen fêst en hâldt it ûnder wetter rjocht foar him. De ûnderwetterscooter hat in motorke dat de dûker mei grutte snelheid troch it wetter lûkt, leit Groot út. "Handig als je lange afstanden moet afleggen onder water of geen zin hebt om te zwemmen."

Ferfieren fan drugs

De apparaten wurde benammen brûkt troch sportdûkers dy't yn grotten dûke wolle. Oant seis oeren lang kinne sy harren dermei fermeitsje. Wol hinget der in aardich priiskaartsje oan: sa'n 6.000 euro.
Underwetterscooters
Underwetterscooters © Omrop Fryslân
Mar ek kriminelen meitsje der tankber gebrûk fan, heart ek Groot yn de dûkerswrâld. "Om drugs onder schepen weg te halen. Als je dan een eind uit de haven wilt zwemmen, is het wel handig dat je gewoon met zo'n onderwaterscooter onder een schip kunt komen."
Op moandei 15 jannewaris gie tusken 21.00 en 22.00 oere in dûker yn de Nieuwe Vissershaven it wetter it yn. Dêrnei rûn in oar fuort mei in pakket. It is allegearre op kamerabylden te sjen, dy't oan de plysje toand binne.
Letter fine de opspoaringstsjinsten in spesjale ûnderwetterscooter. Ek binne op bylden twa oare persoanen te sjen dy't de ûnderwetterscooter rjochting it wetter drage. Trije persoanen ferdwine yn in donkere auto.
De boargemaster fan Harns hie earder al warskôge foar it ferskowen fan drugskriminaliteit fan de havens fan Rotterdam en Vlissingen nei dy fan Harns.
Kriminelen brûke sa'n scooter benammen yn kombinaasje mei in 'rebreather'. Dêrmei azemet de dûker syn eigen lucht wer yn en makket sa gjin luchtbûlen dy't oan de oerflakte komme.

Unsichtber

Militêren brûke soksoarte materiaal om yn fijanlik gebiet net sjoen te wurden. Dy apparaten binne dus ek net yn winkels te krijen. "Maar er bestaan alweer een tijdje ook rebreathers voor burgers. Die zijn iets groter, maar daarmee komen ook geen bellen vrij", leit Groot út.
Beropsdûker René Groot oer de ûnderwetterscooter
Yn de haven fan Harns is it wetter net hiel helder en is in dûker dy't gjin bûlen produsearret dus op trije meter al net mear sichtber. Drugsferfierders hawwe dêrom ek net in hiel soad training nedich.
"Criminelen blijven ondiep, die hoeven alleen onder een schip te komen en niet in een grot op vijftig meter diepte. In principe kan iedereen onder water, maar je moet wel weten hoe de apparatuur werkt. Ik zit niet in die wereld gelukkig, maar ik heb het idee dat criminelen niet zo heel goed opgeleid zijn", seit Groot.
De plysje is noch dwaande mei it ûndersyk en hat by bedriuwen en partikulieren yn de buert bylden opfrege.