Liveblog | 17 jannewaris

112-nijs 17 jannewaris: Utheller yn dûkpak sjoen yn haven Harns | Lichem fermiste man fûn

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 17 jannewaris, 21:22
21:22

Koade giel fanwege befriezing fan de dyk

Yn Fryslân jildt tusken 22.00 en 10.00 oere koade giel. It KNMI hat dizze warskôging ôfkundige yn ferbân mei it befriezen fan it weidek. It ferkear kin hjir fan te lijen hawwe. De warskôging foar glêdens jildt foaral foar de kustgebieten, dêr is pleatslik de kâns op glydpartijen it grutst.
20:39

Utheller mei grut pakket sjoen yn haven fan Harns

In dûker
In dûker © Shutterstock.com (Andy Gin)
Yn de haven fan Harns hat moandei nei alle gedachten in 'útheller' aktyf west. Dat binne minsken dy't foar kriminelen smokkele drugs út havens weihelje. Yn Harns gie it om in persoan yn in dûkpak, mei in ûnderwetterscooter.
Boargemaster Ina Sjerps makke dit woansdei bekend. "Afgelopen maandag is een persoon gesignaleerd in onze haven in volledige duikuitrusting", jout Sjerps oan. "Met een handlanger heeft hij, na gedoken te hebben, een groot pakket meegenomen. En dat is verdwenen uit onze haven."

Underwetterscooter

Neist dizze fertochte situaasje waard der ek in ûnderwetterscooter oantroffen yn de yndustryhaven. "Die beide feiten doen wijzen op activiteiten die de politie aanleiding geven om hier volop onderzoek naar te verrichten."
It is net de earste kear dat der in útheller of ferkenner sinjalearre is yn de haven fan Harns. Sjerps wiist ek op de tendins dat grutte havens as Rotterdam hieltyd mear kontrolearre wurde, wêrtroch't de kriminelen har ferpleatse nei oare havens.
Harns wurket al langer oan it befeiligjen fan de haven. Der wurdt faker kontrolearre, wêrby't de dûane ek wol drones ynset.
17:28

Oanhinger mei bestelbus kantelet by Ljouwert

Buske op oanhinger kantele by Ljouwert
Buske op oanhinger kantele by Ljouwert © AS Media
In oanhinger mei dêrop in bestelbus is om 16.55 oere hinne troch ûnbekende oarsaak kantele op De Heak (N31) om Ljouwert. Troch it ûngelok wie in rydstripe ticht.
It ferkear yn de rjochting fan Marsum koe der wol rêstich delride, mar der ûntstie in soad fertraging en in pear kilometer file.
Der binne gjin minsken ferwûne rekke by it ynsidint. In berger hat de oanhinger mei bestelbus wer oereinset.
16:46

Lichem fan fermiste man (71) fûn

PM
In plysjeboat op it Prinses Margrietkanaal © ProNews
De man dy't sûnt 13 jannewaris fermist wurdt út Bûtenpost is dea oantroffen yn it wetter by Stynsgea. Dat meldt de plysje. It lichem waard om 14.15 oere oantroffen.
Der wienen de ôfrûne dagen ferskate sykaksjes nei de man, ûnder oare mei in sonarboat. De plysje tanket elkenien dy't meisocht hat nei de man.
Oer de oarsaak fan it ferstjerren fan de man is neat bekendmakke.
13:13

Fryslân wol skerper wêze op ûndermining: "It omtinken is hjir noch smel"

De plysje docht ûndersyk yn in bedriuwspân
De plysje docht ûndersyk yn in bedriuwspân © ANP
De provinsje Fryslân wol mear omtinken foar ûndermynjende kriminaliteit. It risiko op bygelyks wytwaskjen nimt ek yn Fryslân hieltyd mear ta, seit de kommissaris fan de Kening, Arno Brok.
"As ik sjoch wat it polityk-bestjoerlike omtinken foar ûndermining is yn Limboarch, Gelderlân en Brabân en hoe smel dat noch by ús yn Fryslân is, dan is dat út lykwicht. Ekstra reden om dit mear op de aginda te setten."
12:31

Plysje siket nei fermiste man (71) op Prinses Margrietkanaal

In plysjeboat op it PM
In plysjeboat op it PM © ProNews
De plysje siket ek op it Prinses Margrietkanaal nei de fermiste man (71) út Bûtenpost. Mei in boat wurdt socht yn de buert fan Stynsgea.
De man is sûnt sneon fermist. It Landelijk Team Onderwaterzoekingen (LTOZ) fan de plysje helpt mei yn de syktocht.