Liveblog | 16 jannewaris

112-nijs 16 jannewaris: 150 boltsjes kokaïne en 14.000 euro fûn by drugsdealers Ljouwert

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 16 jannewaris, 21:59
21:59

Drugsdealers yn Ljouwert trappearre mei in soad drugs en cash jild

In drugsdeal
In drugsdeal © Shutterstock.com (Ground Picture)
De plysje fan Ljouwert hat tiisdei twa manlju trappearre by in drugsdeal op de Akkerstraat. It 'Criminaliteits Interventieteam' seach dêr in fertochte situaasje mei twa manlju yn in auto.
De fertochten, manlju fan 36 en 53 jier, binne oanholden en fûillearre. De plysje fûn dêrby harddrugs. Dêrnei waard ek de auto trochsocht en yn in ferburgen romte fûn de plysje in soad cash jild.
Dêrop is besletten ek de huzen fan de fertrochten troch te ljochtsjen. Dêrby waard kokaïne, in ferbean wapen, twa stellen fytsen en op 'e nij in soad jild fûn. Yn totaal hat de plysje 150 boltsjes mei (nei alle gedachten) kokaïne en in bedrach fan 14.000 euro yn beslach naam.
De beide fertochten binne ynsletten en de plysje docht ûndersyk nei drugshannel, it besit fan in ferbean wapen, heling en wytwaskjen.
14:25

Wurkstraffen foar fjochtpartij yn kafee op It Hearrenfean

Twa manlju fan 22 jier hawwe wurkstraffen fan 120 oeren krigen foar in fjochtpartij yn in kafee op It Hearrenfean. It gie om in konflikt yn de relasjonele sfear, wêrby't it slachtoffer tsjin it lichem skopt wêze soe.
De offisier spruts fan in "ernstig en buitengewoon vervelend feit". De twa fertochten waarden yn 2022 beiden al ris earder feroardiele ta in wurkstraf, foar in soartgelikense situaasje.
Ien fan de manlju moat ek noch ien dei de sel yn. De offisier fan justysje hie wurkstraffen fan 150 oeren easke, mar de rjochter hold it dus by 120 oeren.
11:03

Sniewille op Aldehoustertsjerkhôf

snieballegefjocht ljouwert aldehou aldehoustertsjerkhof
Sniewille op it Aldehoustertsjerkhôf © Anton Kappers
It winterske waar soarget net allinnich mar foar gefaarlike situaasjes, mar ek foar wille. Nei in sniebui pakte in groepke bern har kâns en hold in snieballegefjocht op it Aldehoustertsjerkhôf.
10:20

Auto yn greppel by Wikel

ungelok n359 sudersewei balk wijckel wyckel
Op de Suderséwei by Wikel rekke in auto fan de dyk © Brandweer Balk
Op de Suderséwei (N359) by Wikel is fan 'e moarn in auto in greppel yn riden. De bestjoerder rekke ferwûne en is mei de ambulânse nei it sikehûs ta brocht.
Hoe't it ûngelok barre koe, is net dúdlik.
10:11

Identiteit deade man Wommels bekend

De plysje hat de identiteit fêststeld fan de man dy't justermiddei dea oantroffen waard yn it wetter by Wommels. It giet om in 79-jierrige man út de gemeente Súdwest-Fryslân. De plysje seit gjin oanwizingen te hawwen dat it om in misdriuw giet. Wêrom't de man yn it wetter bedarre is, is net bekendmakke.
09:34

Ynbraak op It Hearrenfean

plysje stock
De plysje siket tsjûgen fan in ynbraak op It Hearrenfean © Omrop Fryslân
De plysje siket tsjûgen fan in ynbraak op It Hearrenfean juster. Tusken 11.00 en 23.00 oere waard der taslein yn in wenning oan de Marotstraat. Minsken dy't wat fertochts sjoen of heard ha, kinne kontakt opnimme mei de plysje.